WordPress beskikber yn it Frysk

De Ried fan de Fryske Beweging en ForSite Media hawwe WordPress nei it Frysk oerset. WordPress is in kompjûterprogramma foar webpublikaasjes op weblogs en websiden. Sawol it meitsjen as it ûnderhâld kin mei WordPress dien wurde. De aldernijste fersy 3.0.2 is no op http://fy.wordpress.org/ yn it Frysk te krijen.

WordPress is iepen boarne (open source) programmatuer. Iepen boarne software wurdt troch frijwilligers makke en is fergees te krijen. WordPress wurdt oer de hiele wrâld troch mear as 25 miljoen minsken brûkt. De Ried fan de Fryske Beweging frege ForSite Media om mei te wurkjen oan de ûntwikkeling fan in Fryske fersy.

Neffens Joeke-Remkus de Vries fan ForSite Media ( www.forsitemedia.nl ) wie der al langer ferlet fan in Fryske fersy. Ferskillende klanten hawwe al oanjûn dat se harren webside of webloch graach yn it Frysk ûnderhâlde wolle. De Ried fan de Fryske Beweging (www.fryskebeweging.nl ) sil tenei ek al syn websiden op WordPress Frysk draaie litte.

Wy hoopje dat wy mei it oersetten fan WordPress likefolle sukses hawwe as mei de Fryske Google, Firefox en KDE.

Sjoch op    http://fy.wordpress.org/   foar mear ynformaasje oer WordPress Frysk.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious