Mylpeal 5000 nijsberjochten op www.itnijs.nl

Nijs yn it Frysk brocht troch frijwilligers. Dit konsept hat der foar soarge dat yn in tiidsbestek fan 20 moannen 5000 nijsberjochten op it ynternet set binne. Alle frijwilligers binne dan ek út de skroeven mei dit resultaat. De side hat de ôfrûne moannen sjen litten dat it him op tal punten ûnderskiedt fan oere nijssiden. In folslein Frysktalige nijsside dy’t nijs bringt fan de hiele wrâld oant nijs fan hiel tichtby. Dat konsept is yn Fryslân unyk.

Fryske ynstellings en organisaasjes binne ek bliid mei It Nijs. As sy parseberjochten stjoere dan wurdt der net yn omfike en wurdt it nijs brocht lykas it stjoerd is. Fansels wurdt wol kontrolearre of it allegear kloppet. De organisaasjes sizze sels dat it goed foar se is. Troch It Nijs snije dizze parseberjochte net langer ûnder en wurde se neamd op Twitter, Facebook en Hyves.

It Nijs soarget ek foar diskusjes oer alle mooglike ûnderwerpen. Minsken fine it moai om yn har eigen memmetaal te reagearjen. Sa jildt dat ek foar de frijwilligers dy’t skriuwe foar It Nijs. Dat tal waakst stadich oan. Dizze minsken fine it prachtich om te skriuwen.

It Nijs is grutsk op dizze prestaasje en wol alle skriuwers betankje. It is geweldich dat sy har sa ynsette foar de Fryske taal.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious