It Bûsboekje 2012 leit foar jim klear!

De redaksje fan it Bûsboekje hat wer wat út ‘e wei set: in nij, folweardich bûsboekje, alhiel yn ‘e Fryske taal: in unyk produkt. It Bûsboekje 2012 hat diskear in lichter en luchtiger tema: ‘koekjebakker’.

Der steane ynterviews yn mei twa echte bakkers en mei in grut koekjefabryk, it befettet resepten en alle wiken in bakkersiswize. Dêrnjonken is der âlderwenst ek in oersjoch fan alle organisaasjes dy’t krewearje foar it Frysk en de Fryske kultuer en de korrekte stavering fan de nammen fan alle Fryske plakken kin men der ek yn fine. Lyts genôch foar yn ‘e binnenbûse en grut genôch foar oantekeningen. Alle dagen fan ‘e wike oersichtlik yn byld ast it boekje iependochst. En dat mar foar 6 euro.

Dizze bûsboekjes binne te besetten yn de boekhannels rûnom yn ‘e provinsje en by sechstjin bakkers yn de doarpen dêr’t gjin boekhannel is. Der binne sels fjouwer ferkeappunten yn ‘e stêd Grins en ien yn Roan (Roden). In oersjoch fan ferkeappunten fine jo op www.frysk-busboekje.nl

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious