Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje

Achte Kolleezje, achte deputearre De Vries,

Op 8 april 2011 binne troch de fraksje fan GrienLinks skriftlike fragen yntsjinne oer it ‘Griene Boekje’. Soks nei oanlieding fan in Te Gast fan Jan Schotanus fan DAT Tekstbureau. De Ried fan de Fryske Beweging stipet it pleit fan Schotanus en GrienLinks om te kommen ta sa’n wurdlist foar it Frysk. Ut ús kontakten mei alderhanne ynstânsjes en persoanen begripe wy dat der wier ferlet is fan in ienheidsstavering, benammen foar it profesjoneel en offisjeel gebrûk fan it skreaune Frysk. Wy fersykje jim Kolleezje dan ek om de Fryske Akademy opdracht te jaan ta it gearstallen fan sa’n offisjele wurdlist.

Op dit stuit wrakselje oersetters, tekstburo’s, foarljochters, redakteuren, útjouwers, learaars en oare brûkers fan it Frysk geregeld mei de offisjele en foarkarsstavering fan Fryske wurden. It is fansels prachtich dat der yn it Frysk noch sa’n ryk ferskaat oan farianten foar guon wurden is, lykwols betizing oer de skriuwwize dy’t de foarkar hat, moat tefoaren kommen wurde. It hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt troch útjouwers no as noarm brûkt, mar dat wurdboek is net foar alle doelen folslein: ferbûgingsfoarmen dekke lang net it hiele gebiet, haadlettergebrûk is der net út te heljen, ensfh. Yn it ferlingde dêrfan is it probleem mei de hjoeddeiske – digitale – staveringshifker dat it op in fierstente breed korpus fan de FA basearre is (ntl. It wurdboek) en dat de gewoane taalbrûker der geregeld yn om komt. Likegoed as foar de Nederlânske taal is der foar it Frysk ferlet fan in offisjele wurdlist. Sjoch ek nei de stikken dy’t op www.dekrantvantoen.nl ferskynd binne.

Omdat it foech foar it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk by Provinsjale Steaten fan Fryslân leit, freegje wy it Kolleezje fan Deputearre Steaten om de Fryske Akademy sa’n list gearstalle te litten.

Wy sjogge jimme reaksje mei belangstelling yn ‘e mjitte.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious