Fakatuere foar: Projektmeiwurker ynternet
De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje as koepel fan 12 oansletten organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs).
As projektmeiwurker binne jo adviseur fan it bestjoer, it bestjoer komt 1 kear yn de 5 wiken gear op in sintrale lokaasje. In projektmeiwurker tinkt mei oer de strategy om de ynternet aktiviteiten te fersterkjen. Dit troch konkreet mei te wurkjen oan de ynternet aktiviteiten en troch mei te tinken as frijwilliger.
Deel deze info