Enerzjyside stimulearret it Frysk, bysûnder!
Fan hjoed ôf oan biedt de Ried fan de Fryske Beweging, yn oparbeidzjen mei www.energievergelijken.nl, in Frysktalich enerzjyferlikingswebstee oan, dêr’t ferbrûkers de enerzjyprizen op ferlykje kinne, en sûnder omstel fuortynienen oerstappe kinne nei in oare enerzjyleveransier. In ûndersyk fan de Nma wiist út, dat mei it oerstappen op in oare leveransier fan gas en elektrysk wol oant fjouwerhûndert fjouwerensechstich euro yn it jier besparre wurde kin. Trije fan de grutste enerzjyleveransiers, Essent, Nuon en Eneco, makken okkerdeis buorkundich, dat hja har enerzjyprizen fan 1 july 2012 ôf ferheegje sille.
Gearwurking yn mear talen
De Fryske Beweging is wiis mei de gearwurking: “De Fryske Beweging krewearret foar de emansipaasje fan de Fryske taal. Wy binne ek fan betinken, dat Friezen goed yn rak en dak sitte kinne moatte. Dêrom ha wy ús meiwurking jûn om de webside Enerzjyferlykje.nl te ferfryskjen. Dêr bespinne twa dingen jern mei: de ponge en it Frysk, twa miggen yn ien flap.”
As besikers fan de webside de Fryske fersy oanklikke en oerstappe, dan ûntfangt de Fryske Beweging in dofke, in lyts jildbedrach. It oerstappen soarget der dêrom foar, dat de Fryske Beweging mei mear projekten út ein sette kin om it Frysk fuort te sterkjen.
Oer energievergelijken
energievergelijken jout sûnt it jier 2004 de konsuminten de mooglikheid om enerzjyprizen mei inoar te ferlykjen en oer te gean op in oare leveransier, sûnder dat dêr kosten oan ferbûn binne. Alle jierren rieplachtsje tûzenen konsuminten Enerzjyferlykje.nl om sadwaande gâns út te sunigjen op harren enerzjyrekken.
Oerstappe leveret jild op net allinnich foar jo eigen ponge mar ek de Fryske taal wurdt der troch holpen. In unike kombinaasje!
Sjoch foar mear ynformaasje www.fryskebeweging.nl en www.energievergelijken.nl/fy
Deel deze info