60 dagen yn teken fan Kneppelfreed
Kneppelfreed is dit jier 60 jier lyn en dêrom wol de organisaasje fan de jierlikse betinking in feest foar it folk. De Kneppelfreedfiering duorret dit jier sechstich dagen.
Der binne tal fan aktiviteiten. Ien dêrfan is dat yn dy sechstich dagen lang alle dagen in doarp sintraal stiet. Dat krijt sechstich flaggen om in Fryske spreuk of wurd op te setten.
Kneppelfreed tsjut op in fjochterij op it Saailân op 16 novimber 1951. Doe reage de plysje demonstranten foar de Ljouwerter rjochtbank mei kneppels útinoar. Se demonstrearren omdat se net talitten waarden ta it gebou, dêr’t op dat stuit de sjoernalist Fedde Schurer foar it stekje ferskine moast. Schurer hie in rjochter yn ‘e krante Friese Koerier “kinderachtig, beledigend en treiterend” neamd omdat dy in fertochte ferbean hie om yn de rjochtsseal Frysk te praten.
Yn de parse kaam safolle omtinken foar Kneppelfreed dat it regear yn De Haach besleat om twa ministers nei Fryslân ta te stjoeren om de lilkens del te bêdzjen. Op harren inisjatyf binne der doe wetten oannommen dy’t it rjocht fan minsken om foar it gerjocht en yn it kontakt mei de oerheid de Fryske taal te brûken.
De Kneppelfreedbetinking is alle jierren op 16 novimber. Dit jier begjint de betinking mids septimber al, nei de betinking fan de Slach by Warns. Yn ‘e organisaasje sitte ûnder oare de Ried fan ‘e Fryske Beweging, it HCL, Tresoar, de stichting Slach by Warns. Der binne ek eksposysjes en in Fedde Schurerlêzing dy’t in jierlikse tradysje wurde moat.
It motto fan de nije fiering is ‘Net kneppelje, mar keppelje’. De organisaasje wol mei de aktiviteiten Kneppelfreed nei de gewoane minsken ta bringe.
Deel deze info