Ljipaaien sykje

Ljipaai sykjen is in typysk Frysk fenomeen. Om heal maart hinne kin it earste aai ferwachte wurde. Elk foarjier geane ûngefear 6500 Friezen de greiden yn om ljipaaien te sykjen. Eins is ‘sykjen’ net de goede beneaming, want Friezen meie de persoan fyftjin aaien it jier, meinimme. Dat aaisykjen is in wiere prestiizjestriid. De Fries dy’t nammentlik it earste ljipaai fynt, kriget de ivige rom. De gelokkige jout it earste aai âlderwenst oan de Kommissaris fan de Keninginne .

De Kommissaris keurt it aai troch it yn in bak mei wetter te lizzen. As it aai driuwt is it bewiis levere dat it in farsk aai is en krijt de finer de ‘sulveren ljip’ in eareteken dat troch it provinsjaal bestjoer skonken wurdt. De Kommissaris yt it aai nammers altyd op. Alle 31 boargemasters ûntfange it earste ljipaai fan harren gemeente. Wol immen yn Fryslân aaisykje, dat moat er in aaisikerskaart/neisoarchpas yn syn besit hawwe.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious