Fryske siswizen

  • “Ien âlder kin better seis bern ûnderhalde as seis bern ien âlder.”
  • “Alles wat liket is noch net wier”
  • “Bûter brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte fries”  Grutte Pier
  • “Alles kin, behalven in neakene keardel yn ‘e bûse skite”
  • “Garjen en sparjen makket stiennen bargen fet”
  • “De âldehou is koart en grou, jowst my in stûr, dan spring ik der oer”
  • “De minsken meitsjen fals jild en it jild makket falske minsken”
  • “De moaiste apels binne faak yn it hert ferrotte”
  • “De sinten sizze mar sa’n lyts skofke baas tsjin my”
  • “De slimste pleagen foar in skipper binne in lek skip en in lilk wiif”
  • “De ûnderfining makket wiis, mar it gjit faak tsjin to hege priis”
  • “De wrâld is rûch, dy’t him net rêdde kin is slûch”
  • “Der steane in bulte minsken mei in bosk kaaien yn ‘e hân foar de poarte fan it lok, mar hja kinne it slotsgat net fine”
  • “Doch dyn plicht en lit de lju rabje”

Kontaktgegevens

Keetwaltje 1
8921 EV
Ljouwert

T: 058-2138913
E: ynfo@fryskebeweging.nl