Oer it Frysk

It Frysktalige Bûsboekje: op nije foet fierder

It ienige Frysktalige bûsboekje leit wer yn ’e winkels. De edysje 2011 hat as tema ‘duorsumens’ en stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. Bygelyks in fraachpetear mei in biologyske boer en ynformaasje oer sparlampen en oer wat de provinsje Fryslân foar mear produksje fan griene enerzjy docht.

Lês fierder…

De Fryske taal

It Frysk is in taal dy’t heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan ‘e Westgermaanske talen. Troch taalkundigen wurdt it faak Westerlauwersk Frysk neamd. Yn it bûtenlân stiet it ornaris bekend as Westfrysk. Lês fierder…

Kneppelfreed

Yn oktober 1951 moast de Lemster feedokter Sjirk Frânses fan der Burg foar it Kantongerjocht yn it Hearrenfean ferskine fanwegen in ferkearsoertrêding.
Ûnder de sitting fierde Fan der Burg it wurd yn it Frysk.

Lês fierder…

Gysbert Japicx

Fryske dichter, skriuwer en taalgelearde, ûnderwizer en foarsjonger, berne yn Boalsert 1603, ferstoarn yn septimber 1666.

Lês fierder…

Sealterlân

Dat is in stikje ‘oar Fryslân’ mar sa’n 40 km oer de grins by Nijskâns. It aparte is fansels de taal – it Sealtersk – dy’t dêr praat wurdt en dy’t se yn ’e omkriten net fersteane.

Lês fierder…

Noard-Frysk

Noard-Fryslân
Dat leit oer de wei sawat 10 kear safier by ús wei as Sealterlân: wol sa’n 500 km. Mar by âlds mei boaten wie it skeanoer fansels folle tichter by. En dan hawwe wy it allinne noch mar oer it fêstelân, in smelle stripe oan de westkust fan Sleeswyk, krekt súdlik fan de Deenske grins. Dêrfoar lizze dan noch de eilannen, guon lykjend op ús waadeilannen as Söl (Sylt) en Oomram (Amrum), mar ek oare as Feer (Föhr), de ûnbedike Halligen en dan noch sa’n 100 km nei it suden it rotseilân Hilgelân, dêr’t Halunder praat wurdt.

Lês fierder…

Upstalbeam

De Upstalbeam is hjoed-de-dei in symboal fan de Fryske frijheid en fan Fryske ienheid. De Upstalbeam is net de namme fan in bysûndere beam, mar fan in gebiet mei in âlde grêfheuvel as middelpunt.

Lês fierder…

Skiednis fan Fryslân

Dizze side moat noch makke wurde

Meer oer it frysk