VoLANGteers

 

VoLANGteers binne frijwilligers dy’t it moai fine om oaren yn ‘e kunde te bringen mei harren taal en kultuer. VoLANGteers binne ek jonge minsken dy’t tydlik yn in oar lân wenje, lykas Dútske en Sineeske studinten dy’t yn Ljouwert studearje. Faak fine sy it spitich dat se net safolle yn kontakt komme mei de pleatslike befolking. De frijwilligers helpe harren dêrby. 

 

Yn Fryslân wurdt it VoLANGteersprojekt koördinearre troch de Afûk yn Ljouwert. Dy jout bûtenlânske jongelju, benammen studinten oan de hegeskoallen, in Frysk maatsje. Tegearre ûntdekke se wat Fryslân te bieden hat oan nijsgjirrige plakken, aparte gewoanten, moaie kultuer en fansels oan talich ferskaat. Guon wolle benammen de disko’s ûntdekke, oaren wolle Frysk leare en wer oaren binne lyrysk fan de Fryske architektuer. It kin allegear. 

It VoLANGteersprojekt rint ek al in pear jier yn de Spaanske regio Galisië. It wurdt útfierd yn ‘e mande mei saakkundigen út Frankryk en Grikelân en der binne plannen om it út te wreidzjen nei oare Europeeske regio’s. 

Foar mear ynformaasje sjoch www.volangteers.nl

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious