Grutte fibula fan Winaam
De Grutte Fibula fan Winaam ek wol neamd de keningsfibula fan Winaam, is it 7e ieusk topstik út de argeologykolleksje fan it Frysk Museum. De fibula waard eartiids troch de frou fan in wichtige lieder of kening droegen.
De fynst by Winaam
By Winaam, op de terp Tsjitsma, in pear kilometer noardeastlik fan Harns, waarden fan 1991 oant 1993 argeologyske opgravings dien troch de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Dat ûndersyk hie ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten dy’t hjir yn it ferline dien binne. De útkomst fan it ûndersyk jout oanlieding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.
Yn 1953 waard hjir de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploege skansearre en is dêrtroch net mear kompleet. Amateurarcheologen hawwe jierren mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dieltsjes.
By opgravings fan de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei gouden beklaaiing, de knier en dieltjes fan de kopplaat weromfûn. Stikje by stikje koe de spjelde rekonstruearre wurde. Allinnich fan de sierskiif is (noch) neat werom fûn.
In augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula werom fûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat part wie fan de kopplaat. Troch dizze fynst is it mooglik wurden om de ôfbylding op de kopplaat te ûntsiferen. It docht bliken dat it om in ôfbylding giet fan de Fryske oergod Weda flankeare troch twa dierlike helpgeasten.
Al dizze fynsten suggerearje dat Winaam de delsetting west hat fan in ier-midsieusk skaai fan eallju. Ek de fynst fan in muntstimpel mei de ynskripsje (AUDWULF FRISIA) begjin 2006 docht hiel bot tinken dat de Fryske kening Audulf hjir syn residinsje hie.
Deel deze info