Doutzen Kroes

Doutzen Kroes (Eastermar, 23 jannewaris 1985 ) is in ynternasjonaal fotomodel. Se wennet meastentiids yn har appartemint yn New York.  

 Nei’t se slagge wie foar de Hafû, stjoerde se in pear fakânsjefoto’s nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam. Se woe graach wat byfertsjinje. It smiet mear op as’t se ferwachte hie, want binnen twa jier wie se op itselde nivo as oare topmodellen.  

Doutzen rint moadeshows foar Versace, Dolce en Gabbana en Gucci en se is it nije oansjen fan de parfumrige fan Calvin Klein. Yn 2006 hat se in kontrakt mei it kosmetikabedriuw L’Oréal ôfsletten. As it gesicht fan L’Oréal waard se it bêstbetelle model fan Fryslân en Nederlân ea.  

Yn novimber 2007 waard bekend dat Doutzen it nije gesicht wurde sil fan it linzjerymerk Victoria’s Secret.  

Kroes heart sûnt 2008 by de top-fiif fan de bêst betelle modellen. Yn 2007 stie se al op it trettjinde plak. Se fertsjinne yn 2007 1,5 miljoen dollar.  

Doutzen hat yn 2009 yn Amsterdam de Lifetime Achievement Award wûn. Om’t se al sa  jong it heechst helbere yn in modellekarriêre berikt hat, wie de sjuery it unanym iens oer it takennen fan de award. Ek waard se útroppen ta Miss Nederland Positief. Eardere winners wienen Yolanthe Cabau van Kasbergen en Liza Sips. Doutzen hat de titel te tankjen oan har positive útstrieling; se is nofteren, beskieden en in rolmodel foar jonge froulju.  

Yn july 2009 is Doutzen it gesicht fan de C&A promoasjekampanje yn Brazylje en yn augustus 2009 wurdt Doutzen oankundige as nije ambassadeur fan de organisaasje dance4life. Dance4life set him yn om hiv en aids yn de wrâld werom te kringen. Sûnt novimber 2009 skriuwt se ien kear yn ’e moanne in kollum oer har libben yn de Nederlânske edysje fan ‘Marie Claire.  

  

Praat mar Frysk

Woansdei 21 novimber 2007 naam Doutzen it beslút om foar de kampanje “Praat mar Frysk” warber te wurden. Se tôget opblaaslippen mei de tekst “Praat mar Frysk” oer de hiele wrâld mei har mei en soarget dat se yn byld komme op de foto’s dy’t se dit kear sels makket. Op de kampanje-webside sil se de Friezen op de hichte hâlde.  

   

   

   

 
  
 

  

  

  

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious