Fryslân

Fryske skiednis yn byld

Fryske skiednis yn byld makke troch Omrop Fryslân.

Lês fierder…

Abe Lenstra: Fuotbal-leginde út Fryslân

Abe Lenstra (slachtmoanne 1920-hjerstmoanne 1985) in fuotbalsjeny, dy’t al tige jong útblonk. Hy wie in yn it each rinnende fuotballer dy’t ta de bêste fuotballers fan Nederlân heart. Mei in ferwielen technyk, in bjusterbaarlik ynsjoch, in flammend skot en net nei te kommen skynbewegings wie er syn tsjinstanners de baas. 

Lês fierder…

Kening Redbad wegeret it doopsel

In leginde oer Wulfram en Redbad

Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûnfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan eltsenien koe er de mienings en gedachten.

Lês fierder…

Frysk folksliet

Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
en bûnzje troch ús ieren om!
  

Eise Eisinga en it Planetarium

In wolkjimmer as rêder
Eise Eisinga waard op 21 febrewaris op ‘e Ryp 1744 berne. Dêr folge er ek de legere skoalle. Lykas safolle bern yn dy tiid, moast er thús komme te wurkjen, yn syn gefal yn de wolkjimmerij fan syn heit. Njonken it wolkjimmen naam er fan syn heit ek de niget oan dingen as stjerkunde en wiskunde oer. Hy wie sa learderich dat er al op jonge jierren alle wiken nei Frjentsjer rûn, dêr’t er mei Willem Wytses, in wolferver, de wiskundeboeken fan Euclides bestudearre. Lês fierder…

Ûleboerd

Tsjintwurdich tinkt men by it wurd “ûleboerd” meastal oan in trijekantich boerd mei swannen en wat fersiersels. Oarspronklik wie it ûleboerd net mear as in trijekantich houten boerd op de nok fan in Fryske skuorre. De swannen en fersiersels binne der letter by kommen.

Lês fierder…

Ljipaaien sykje

Ljipaai sykjen is in typysk Frysk fenomeen. Om heal maart hinne kin it earste aai ferwachte wurde. Elk foarjier geane ûngefear 6500 Friezen de greiden yn om ljipaaien te sykjen. Eins is ‘sykjen’ net de goede beneaming, want Friezen meie de persoan fyftjin aaien it jier, meinimme. Dat aaisykjen is in wiere prestiizjestriid. De Fries dy’t nammentlik it earste ljipaai fynt, kriget de ivige rom. De gelokkige jout it earste aai âlderwenst oan de Kommissaris fan de Keninginne .

Lês fierder…

Kneppelfreed

Yn oktober 1951 moast de Lemster feedokter Sjirk Frânses fan der Burg foar it Kantongerjocht yn it Hearrenfean ferskine fanwegen in ferkearsoertrêding.
Ûnder de sitting fierde Fan der Burg it wurd yn it Frysk.

Lês fierder…

Meer fryslân

  • Us mem

    Oan de Harnzer Singel yn Ljouwert stiet in grut brûnzen byld fan in ko. It is makke yn 1954 en stelt de ideale Fryske stamboekko foar.

    Lês fierder…

  • Grutte fibula fan Winaam

    De Grutte Fibula fan Winaam ek wol neamd de keningsfibula fan Winaam, is it 7e ieusk topstik út de argeologykolleksje fan it Frysk Museum. De fibula waard eartiids troch de frou fan in wichtige lieder of kening droegen.

    Lês fierder…

  • Gysbert Japicx

    Fryske dichter, skriuwer en taalgelearde, ûnderwizer en foarsjonger, berne yn Boalsert 1603, ferstoarn yn septimber 1666.

    Lês fierder…

  • Doutzen Kroes

    Doutzen Kroes (Eastermar, 23 jannewaris 1985 ) is in ynternasjonaal fotomodel. Se wennet meastentiids yn har appartemint yn New York.  

    Lês fierder…

  • Upstalbeam

    De Upstalbeam is hjoed-de-dei in symboal fan de Fryske frijheid en fan Fryske ienheid. De Upstalbeam is net de namme fan in bysûndere beam, mar fan in gebiet mei in âlde grêfheuvel as middelpunt.

    Lês fierder…

  • Frysk Hynder

    It Frysk Hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier yn ’e tiid werom. Al yn de 13e ieu wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.

    Lês fierder…

  • VoLANGteers

     

    VoLANGteers binne frijwilligers dy’t it moai fine om oaren yn ‘e kunde te bringen mei harren taal en kultuer. VoLANGteers binne ek jonge minsken dy’t tydlik yn in oar lân wenje, lykas Dútske en Sineeske studinten dy’t yn Ljouwert studearje. Faak fine sy it spitich dat se net safolle yn kontakt komme mei de pleatslike befolking. De frijwilligers helpe harren dêrby. 

    Lês fierder…