Promoasje- en akwysysje-wurkgroep

De doelstelling is om mear draachflak foar it Frysk, in Frysk taalbelied en foar de aktiviteiten fan de Ried te krijen. Dat liedt yn 2010 ta de folgjende produkten:

  • It fersprieden fan in nijsbrief

Mear Frysk op ynternet troch it ûnderhâlden fan in nijsgjirrige ‘thússide’ mei:

  • meartalige algemiene ynformaasje oer de doelstellings en de produkten fan de Ried;
  • nijs oer projekten fan de Ried;
  • de folsleine ynhâld fan Swingel;
  • in Fryske sykmasine dêr’t safolle mooglik (leafst alle) Fryske siden mei berikt wurde kinne;
  • de mooglikheid om algemiene en detailearre ynformaasje op te freegjen;
  • in aginda mei aktiviteiten fan ferskate Fryske organisaasjes;
  • de mooglikheid jin op te jaan as stiper fan de Ried en/of oare stipe oan de Ried ta te sizzen.

Mei help fan de stipers 20 nije stipers foar de Ried winne.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious