Kommisje Kneppelfreedbetinking 2011
It organisearjen fan in grutskalige betinking op 16 novimber 2011 yn ferbân mei ‘Kneppelfreed 60 jier’.
It organisearjen fan in grutskalige betinking op 16 novimber 2011 yn ferbân mei ‘Kneppelfreed 60 jier’.
Stimulearjen fan it brûken fan it Frysk (ek Fryske streektalen) yn reklameboadskippen op radio en televyzje. As dat mooglik is ek yn de skreaune media.
De Ried fan de Beweging hat ôfspraken makke mei Tûmba oer de ôfhanneling fan klachten oer taaldiskriminaasje. As in klacht oer taaldiskriminaasje by de RfdFB ynkomt, jout de RfdFB de kleier it advys om de klacht oan Tûmba foar te lizzen.
De doelstelling fan dizze wurkgroep is om fan sosjaal-ekonomysk eachpunt út de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen en dêr’t dat mooglik is, op dit mêd de foarstap te nimmen.
De doelstelling fan de redaksje is it útbringen fan it blêd fan de Ried fan de Fryske Beweging, dat trije kear yn ’t jier ferskynt. Mei yngong fan 2011 sil Swingel fjouwer kear yn it jier útkomme.
De doelstelling is om mear draachflak foar it Frysk, in Frysk taalbelied en foar de aktiviteiten fan de Ried te krijen. Dat liedt yn 2010 ta de Lês fierder…
Doelstelling is mear omtinken te berikken foar in leefber Fryslân en foar de Fryske taal en kultuer yn de lanlike en regionale polityk. Lês fierder…
De doelstelling is ynformaasje útwikselje en oerlizze mei ferlykbere kulturele minderheden yn Europa, bûten Nederlân, om elkoar te helpen en te stypjen by it opsetten en útfieren fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betingsten dêr foar.
Projekten opsette dy’t de koheezje tusken de ferskate Fryslannen fersterkje en benammen de Fryske taal en kultuer yn ‘e ferskate Fryslannen befoarderje.