Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje
Achte Kolleezje, achte deputearre De Vries,
Op 8 april 2011 binne troch de fraksje fan GrienLinks skriftlike fragen yntsjinne oer it ‘Griene Boekje’. Soks nei oanlieding fan in Te Gast fan Jan Schotanus fan DAT Tekstbureau. De Ried fan de Fryske Beweging stipet it pleit fan Schotanus en GrienLinks om te kommen ta sa’n wurdlist foar it Frysk. Ut ús kontakten mei alderhanne ynstânsjes en persoanen begripe wy dat der wier ferlet is fan in ienheidsstavering, benammen foar it profesjoneel en offisjeel gebrûk fan it skreaune Frysk. Wy fersykje jim Kolleezje dan ek om de Fryske Akademy opdracht te jaan ta it gearstallen fan sa’n offisjele wurdlist.