Ried fan de Fryske Beweging skriuwt brief nei de steateleden oer de besunigings

Oan de steateleden fan de Provinsje Fryslân

Underwerp : besunigings Omrop Fryslân

Ljouwert, 5 oktober 2010.

Achte Steateleden,

De Ried fan de Fryske Beweging hat kennis nommen fan de besunigingsútstellen fan Deputearre Steaten.

De Ried is dêr tige fan skrokken en fynt dat de Steaten hjir net mei ynstimme moatte. It sil jimme bekend wêze dat de Ried fan de Fryske Beweging al lang yn de pleit is foar in alsidige programmearring fan Omrop Fryslân. Yn it saneamde Oanfalsplan ha wy ús arguminten jûn om foar Omrop Fryslân de doarren iepen te setten foar in stjoerder dy’t net ûnder docht foar de Hollânsktalige stjoerders yn Nederlân. Wy ha der al faker op wiisd dat der noch in grut ferskil is tusken mooglikheden fan dizze stjoerder en de Hollânske stjoerders. As minsken net foar alles terjochte kinne by Omrop Fryslân dan sille se earder nei oare kanalen trochsappe. Dat is benammen sa by de bern. It oanbod foar de bern is by Omrop Fryslân noch tige suterich yn ferhâlding mei wat oaren te bieden ha en rekket troch de besunigings hielendal yn’e nederklits. By bern ûntstiet dan gau it gefoel dat by radio en televyzje Hollânsk heart. Jimme sille it mei ús iens wêze dat dit krekt de wichtichste doelgroep is as it giet om it behâld fan it Frysk. Beheining fan de mooglikheden fan de omrop hellet neffens ús alle oare foarnimmens om it Frysk te stypjen wer ûnderút.

By in alsidige omrop heart neffens ús ek dat der mear bean wurdt as allinne dat wat tichtby hûs bart. Al hoe wichtich wy it omtinken fan Omrop Fryslân oan de Fryske eveneminten, sporten en muzyk ek fine, de omrop soe ek de mooglikheid ha moatte om faker bûten Fryslân om him hinne te sjen. Alles wat der op de wrâld bart kin yn it Frysk bepraat wurde. Dat soe net unyk wêze. Yn Wales en Baskelân, mei sawat likefolle sprekkers fan de minderheidstaal as yn Fryslân, wurdt wrâldnijs yn de eigen taal útstjoerd.

As trêde punt en wichtich punt wol de Ried it belang fan de satellyttelevyzje neame. Troch dizze mooglikheid kinne Friezen en net Friezen oer de hiele wrâld op Omrop Fryslân ôfstimme, of it no om emigranten giet of om fakânsjegongers. It soe ivich sûnde wêze as dizze tsjinst ferdwine moatte soe.

Neffens ús slút ús opfetting oer de Fryske Omrop naadleas oan by de 3e Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer dêr’t it Ryk him yn ferbynt om Omrop Fryslân “foldwaande middels” te jaan om “een volledige en veelzijdige programmering te realiseren” (ambysje 5.1). Wy binne ús der fan bewust dat it Ryk hjir te koart sketten is en dat de provinsje oant no ta foar kompensaasje soarge. Dochs fernuveret it de Ried dat dizze ekstra stipe no sa mar fuortbesunige wurdt yn de Konsept-begrutting foar 2011 fan de provinsje. Dêrmei wurdt it Omrop Fryslân ûnmooglik makke om te foldwaan oan de bedoelings fan artikel 11.1 a(iii) fan it Europees Hânfêst. De Ried hat der alle begryp foar dat de provinsje besunigje moat en dat der kritysk sjoen wurdt nei taken dy’t eins thús op it boardsje fan it Ryk thúshearre. No’t der miskien in ferskowing komt yn de ferantwurdlikens foar it taal- en kultuerbelied nei oanlieding fan de Kommisje Hoekstra sil der op ’e nij praat wurde moatte oer it jild dat by dy ferskowing heart. Sa lang dit net út iten is wol de Ried dêrom by it provinsjebestjoer op oantrúnje om de foarstelde besunigings net troch gean te litten. It skrassen fan de ekstra bydrage fan de provinsje oan Omrop Fryslân is in ferkeard sinjaal nei Den Haach ta. It soe útlein wurde kinne as soe de provinsje it net sa belangryk fine.

Wy tidigje derop dat de Steaten ús arguminten swier wage litte sille yn de beslútfoarming oer de begrutting.

Mei rju heechachting,
Dr. J. van der Bij (foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging)

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious