Lokwinsk foar Piter Wilkens

Ljouwert, 24 juny 2010

 Achte hear Wilkens,

Wy fan de Ried fan de Fryske Beweging hawwe der ferlet fan jo hjirby

te lokwinskjen

mei de presintaasje fan jo twadde Compact Disc mei de namme

‘De Fleanende Hollanner’.

Wy hoopje, dat dizze lieten fan de Sweedske Hollanner Cornelis Vreeswijk yn de Frysktalige oersetting har wei fine sille ûnder it Fryske publyk en alle oare minsken, dy’t it Frysk in waarm hert tadrage. Dat der mar in protte minsken genietsje meie fan jo fertolking fan dizze nijsgjirrige, maatskippijkrityske en tagelyk koartswilige teksten.

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

Dr. Jaap van der Bij (foars.)

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious