Lokwinsk Pjutteboartersplak ‘De Oanset’

Pjutteboartersplak ‘De Oanset’

Tige wurdearre pjutteliedsters,

De Ried fan de Fryske Beweging wol jimme hjirby fan herten lokwinskje mei it feit, dat jimme op ’e nij it sertifikaat ‘Twatalich Pjutteboartersplak’ fertsjinne hawwe.

De fisitaasjekommisje priizget jimme om jim twatalich belied, dat spesjaal omtinken jout oan it wichtich betingst, dat Frysk en Hollânsk konsekwint skieden oanbean wurde. Dat jout in goede basis foar it oanlearen fan de memmetaal. Dêrby jouwe jimme omtinken oan it goed útinoar hâlden fan beide talen. Hollânsktalige bern komme troch jim belied al betiid yn kontakt mei it Frysk en leare sadwaande ús taal op in boartlike wize. Dit komt allegear de algehiele taalûntwikkeling fan alle bern te’n goede. Troch útwikseling fan materiaal en tema’s mei de ‘grutte skoalle’ kin fan wjerskanten foardiel behelle wurde. Jimme binne op de goede wei!

De Ried fan de Fryske Beweging sil jimme krewearjen mei in soad ynteresse folgje en hopet, dat jim foarbyld alle restearjende pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân dy’t noch net it twatalige paad berinne, oerhelje sil krektlyk as jim te dwaan.

Mei achtinge en
freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious