Liwwarders
Achte hearen Ceelen en Arkema,
De Ried fan de Fryske Beweging hat mei in protte nocht fernaam dat jimme it duo Ed Lip en Aart Lus betocht hawwe. De Ried fan de Fryske Beweging wol middels dit brief jimme witte litte dat wy it prachtich fine wat it effekt is fan dizze metoade. It brûken fan it Liwwarders, dat in soad fan it Frysk hat, kriget in goede oppepper troch dit duo. In soad jongerein sjongt de ferskes mei en nimt wurden oer. It Liwwarders hat jierrenlang in min imago hân. Mar troch jimme inisjatyf feroaret dat no de positive kant op. It is sa begripe wy net jimme earste doel om it Liwwarders te promoatsjen, mar it skeppen fan in feestlike sfear. Dat nimt net wei dat jimme metoade der ek ta liedt dat minsken positiver tsjin it Liwwarders oer steane en dat dêrtroch it brûken der fan wer faker foar komt. Dat is foar ús reden om dizze oanpak ek foar it brûken fan it Frysk yn de gaten te hâlden. Nochris ús kompliminten en wy winskje jimme fierder in soad súkses ta.
Mei achtinge en freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer
Deel deze info