Komplimint UPS

Eala,

In skoftke lyn is der by de hear J. van der Bij  Twellegea troch UPS in pakketsje brocht. Jammergenôch waard de doar net iepen dien. Dus moast jo meiwurker in besoarchbriefke skriuwe. Jo meiwurker hie sjoen dat der op de doar in “”Praat mar Frysk”” plakker plakt wie. Dus it besoarchbriefke is troch jo meiwurker ynfold  yn it Frysk. Dit foel daliks op doe’t  de hear Van der Bij thús kaam. Jo moatte witte dat de hear Van der Bij foarsitter is fan de Ried fan de Frysk Beweging. Mei dizze brief wolle wy jo bedriuw in komplimint jaan. It komt net faak foar dat in bedriuw fan bûten Fryslân in briefke skriuwt yn it Frysk.

Dit berjocht hawwe wy op ús eigen hiemsiden setten en is dus in positive reklame foar jo bedriuw. Wolle jo ús wurdearring en kompliminten oan jo meiwurker oerbringe? Alfêst ús hertlike tank.

Mei achtinge en
freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious