Hegeskoalle Stenden

Oan de hear S. van der Veen.
Achte hear Van der Veen,

It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging hat der kennis fan nommen dat jo meiholpen ha om it lieteboek “Wylde Goes” ûnder de minsken te bringen. Mei dit brief wolle wy jo meidiele dat wy der tige wiis mei binne dat jo it Frysk op dizze wize promoate op de Pabû fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Takomstige learkrêften leafde foar it Frysk by te bringen fine wy fansels o sa wichtich. Sy moatte de taal trochjaan oan de nije generaasje. As learkrêften niget hawwe oan it Frysk dan sille de bern it ek krije. Jo hawwe hjiryn in wichtige rol. Wy binne bliid dat der immen is dy’t de Frysktalige tradysje fan de Pabû De Him yn Snits, dy’t opgien is yn Stenden, wer oppakt en it wurk fan Hindrik van der Meer op eigen wize fuortset.

Mei achtinge en
freonlike groetnisse,
Jaap van der Bij

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious