Haadredakteur by Omrop Fryslân

Achte hear Van Friesland, Ljouwert, 24 juny 2010

De Ried fan de Fryske Beweging wol jo fan herten lokwinskje

mei jo beneaming yn de funksje fan haadredakteur by Omrop Fryslân.

Ut jo lange steat fan tsjinst by ûnderskate omroppen en jo ferrjochtings as ‘Sjef Ynlânsk Nijs’ by de Nederlandse Omroep Stichting, meitsje wy op dat wy mei in eabel man te krijen hawwe, dy’t troch ûnderfining betûft wurden is yn syn fak. Wy hoopje, dat jo jo bekwamens mei ynmoed ynsette sille foar ‘Ús Omrop’ en de Fryske taal.

Foar dizze nommele taak winskje wy jo in soad ynspiraasje, krêft en – net te ferjitten – nocht en wille ta. In protte sukses!

Mei achtinge en
freonlike groetnisse,

Dr. Jaap van der Bij (foars.)

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious