Fryske feriening foar fjildbiology 11 july 2009
foar Mirte Kooistra
Ljouwert, 11 july 2009
Achte Mirte Kooistra,
De Ried fan de Fryske Beweging hat lêzen dat jimme feriening in hiel soad docht om foar planten, ynsekten
en bisten in Fryske namme te brûken. De list dy’t der al wie binne jimme oan it optimalisearjen foar de takomst. De Ried fan de Fryske Beweging wol mei dit brief jimme kenber meitsje dat de Ried it wurk dat troch jimme fersetten tige wurdearret. De eigen Fryske namme fan planten, ynsekten en bisten moatte net ferlern gean en fansels ek bewarre wurde en brûkt wurde.Mochten jimme as feriening aktiviteiten ûndernimme en dêr ruchtberens oan jaan wolle dan kinne jimme it nijs oan ús opstjoere fia de e-mail. Wy sille dan safolle mooglik fia ús kanalen it nijs nei bûten bringe.
Mei achtinge en freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer
Deel deze info