Friesland College

FC Campus, gebouw Triangel

Achte hearen Verlaan en Faber (Bêste Theo en Rients),

De Ried fan de Fryske Beweging hat út de parse fernaam dat jimme projektgroep Frysk op it Friesland College oan it Kolleezje fan Bestjoer fan it ROC in útstel dien hat om it Frysk in bettere posysje te jaan op it ynstitút. It útstel om sertifikaten te jaan as de studinten har feardichheden eigen makke hawwe lykas Frysk ferstean kinne, lêze kinne, skriuwe kinne en prate kinne sil har foar har takomstich wurk wis fan pas komme. Ekstra sertifikaten helje kinne sil foar guon studinten teffens ek in goede stimulâns wêze om wat mei de Fryske taal te dwaan, omdat se witte dat se harren ûnderskiede moatte op in krappe arbeidsmerk. Fansels sil as jimme útstel oannaam wurdt, dat wis ek nochris in moaie opstekker wêze foar it Frysk. Omt op it ôfskie fan Theo Verlaan de foarsitter fan it Kolleezje har net echt posityf útliet oer it útstel lit it him oansjen dat it noch in hiel gewraksel wurde kin om it útstel der troch te krijen. De Ried winsket jimme dêrom fan herten ta dat jimme der yn slagje dat it útstel oannaam wurdt.

Mocht de Ried jimme fan tsjinst wêze kinne lit it ús dan witte dan binne wy altiten ree om te helpen. Mochten jimme mear ideeën fan dit kaliber ha dy’t jimme graach realisearje wolle dan fernimme wy dat graach, miskien kinne wy dêrfoar inoar helpe.

Mei achtinge en
freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious