Achte hear Hofstra, jo krije in komplimint
Achte hear Hofstra,
In skoftke lyn hawwe jo in e-post stjoerd oer it brûken fan it Frysk op de webside www.vv-sds.nl/ en op www.wommels.nl. It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging hat der mei in protte nocht kennis fan nommen en mei dizze brief wolle wy jo witte litte dat wy der tige wiis mei binne dat jo it Frysk op dizze wize promoate. In wichtige doelstelling fan de Ried is minsken op in ynformele manier yn oanrekking komme te litten mei it Frysk. Jo websiden soargje derfoar dat minsken it Frysk brûke en lêze. Dat is dé manier dy’t de Fryske Beweging ek foar eagen hat. Nochris ús kompliminten en wy winskje jimme fierder in soad súkses ta.
Mei achtinge en freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer
Deel deze info