Jong Fryske Mienskip

De Jong Fryske Mienskip waard oprjochte yn 1915 mei de jonge Douwe Kalma (1896-1953) as besieljend lieder. It doel fan de Jongfriezen wie om mei nij elan de Fryske striid oan te gean en de Fryske literatuer op in heger peil te bringen. Mei as biedwurd “Fryslân en de wrâld’ moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren. It tydskrift ‘Frisia’ (1917-1936) waard it literêr poadium fan de Jongfriezen. Yn 1951 krige ‘Frisia’ in opfolger yn ‘Lyts Frisia’ mei as ûndertitel ‘Tydskrift foar Fryske striid en literatuer’.

‘Lyts Frisia’ is yn 2006 oan de 55ste jiergong begûn. It blêd ferskynt fjouwer kear yn ‘t jier: maart, juny, septimber en desimber. De redaksje wurdt foarme troch: Jan Jongsma, Anneke Jousma en Bertus Postma. Redaksje-adres: Tj. H. Haismastrjitte 26, 9251 AV Burgum, e-post: f2hjanjongsma@hetnet.nl

It tal JFMleden/lêzers fan ‘Lyts Frisia’ is mei yngong fan 1 jannewaris 2006 krekt 100. It JNF-bestjoer bestiet út: Jaap Vergonet (Drylts) foarsitter, Jan Jongsma (Burgum, skriuwer/skathâlder; Piter Dykstra (Waskemar) en Bertus Postma (Bitgummole)

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious