De Fryske Rie

De Fryske Rie is in stifting dy’t nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân yn Dútslân.

Dat oparbeidzjen hat op 11 septimber 1998 mei de oprjochting fan de Ynterfryske Rie e.V. in nije grûnslach krigen. De Ynterfryske Rie hat in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ’e regel jierren yn ’t foar fêststeld. Sa hat de Fryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

• It Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 plakfynt en sûnt de fyftiger jierren ien kear yn ‘e trije jier holden wurdt, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen. Yn septimber 2003 wie it kongres ‘Gastfrij Fryslân’ yn Ljouwert en yn maaie 2006 wie it kongres ‘Iepen Doarren’ yn Leck (Noard-Fryslân).

• It Friesen-droapen (foarhinne de ‘Sternfahrt der Friesen’) op Hilgelân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier. Dat barren fan Westerlauwerske, Noard- en East-Friezen op Hilgelân is en wurdt holden foar in breed publyk, út de trije Fryslannen.

• De reguliere moetings fan de beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen. Yn septimber 2006 hat der in frouljusmoeting west yn East-Fryslân. Yn Westerlauwersk Fryslân waard yn oktober 2006 in bestjoerdersmoeting organisearre, yn febrewaris 2007 is der in boeremoeting en der binne ek plannen ta it hâlden fan in ûnderwiismoeting yn septimber/oktober 2007.

Hiemside: www.fryskerie.nl/

Wat is de Fryske Rie?
De Fryske Rie hat as doel:

• it ûntwikkeljen en bekend meitsjen fan de Fryske kultuer yn brede sin (dus ek de Fryske taal), mei help fan ynternasjonale kontakten;

• it stimulearjen fan de kulturele posysje fan Fryslân yn Europa;

• it fuortsterkjen fan in better begryp en freonskip tusken minsken, groepen en folken;

• [en benammen] it fuortsterkjen fan de kontakten tusken de trije Fryslannen.

Aktiviteiten dy’t yn it each springe, binne it organisearjen fan it Ynterfryske kongres, it Friesen-Droapen op Hilgelân en reguliere moetings fan groepen út de Fryske befolking. De Fryske Rie wurket al mear as fyftich jier gear mei twa susterorganisaasjes yn Noard-Fryslân (Frasche Rädj) en East-Fryslân (Fräiske Räid of Freeske Raad). It is benammen in mei-inoar oparbeidzjen op kultureel mêd, mar ek in sosjaal-ekonomyske diskusje of in bewyske polityk wurdt net út ’e wei gongen. It dielnimmen oan de aktiviteiten fan de Fryske Rie stiet foar eltsenien iepen. Yn de Fryske Rie binne wer oare organisaasjes fertsjintwurdige, bygelyks de NLTO (Noordelijke Land- en Tuinbouw Organisatie), de Fryske Ried fan Tsjerken, de Vereniging van Friese Gemeenten en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Dêrnjonken bestiet in Ynterfryske Rie. Ein 2007 hat de Fryske Rie him oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging. Men moat dy beide rieden lykwols net trochinoar helje, al krewearje beide foar it Frysk, Fryslân en ynternasjonale kontakten mei oare minderheidstalen. De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is in koepel fan organisaasjes, de Fryske Rie (yn Westerlauwersk Fryslân) net. De Fryske Rie en de Ried fan de Fryske Beweging hoopje fansels dat beide (stiftings) wat oaninoar hawwe sille en dat se inoar fersterkje. De Fryske Rie organisearre al in jiermannich yn ’e mande mei de RfdFB in ‘Nijjierssûpke’ oan it begjin fan it jier.

YNTERFRYSKE RIE

No mear as in heale ieu lyn waard op it sechste Grutfrysk kongres (Friesenkongreß) op 28 augustus 1955 yn Auerk it ferneamde Frysk Manifest2 oannommen. 3 De Westerlauwerske Fryske sjoernalist en beweger Jan Piebenga hat dêr in Dútsktalige rede holden dy’t grutte yndruk makke en nochal wat ynfloed hân hat op it tinken fan de Fryske bewegers yn alle Fryslannen.4 Mei troch syn opfettings waard op 18 febrewaris 1956 yn it East-Fryske Leer de saneamde Friesenrat op ’en nij oprjochte. Dy ‘Rat’ hjit sûnt 11 septimber 1998 Interfriesischer Rat e.V. (Ynterfryske Rie). De Ynterfryske Rie hat op it stuit in sintraal sekretariaat yn Auerk (Aurich ynEast-Fryslân/Ostfreesland) en trije regionale seksjes (dat binne de trije Fryske Rieden):

• de ‘Seksje Noard’ yn Naibel (Niebüll; Nordfriislon/Nordfriesland yn Dútslân), foar Noard-Fryslân en Hilgelân;

• de ‘Seksje East’, yn Leer, foar East- Fryslân (Ostfreesland/Ostfriesland) en it Sealterlân (Seelterlound/Saterland yn Dútslân);

• de ‘Seksje West’, yn Ljouwert, foar de Nederlânske provinsje Fryslân (yn Dútslân ornaris Westfriesland neamd en by ús Westerlauwersk Fryslân). Alle jierren is der in miene gearkomste fan de Ynterfryske Rie, dêr’t fan eltse seksje njoggen bestjoersleden oan dielnimme. Sa hat der bygelyks in mienskiplike moeting west yn juny 2007 (op Hilgelân) en yn augustus 2008 (yn Westerlauwersk Fryslân).Twa fertsjintwurdigersfan elts fan trije seksjes komme sa’n trije kear jiers byinoar omalle mienskiplike plannen en moetings ta te rieden. De Ynterfryske Rie koördinearret

IT WURK FAN DE TRIJE SEKSJES

Moetings
De moetings wurde yn ’e regel al jierren fan tefoaren fêststeld. Sa hawwe de Fryske Rieden tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

1. De Grut- of Ynterfryske Kongressen wurde sûnt 1925 holden; nei de fyftiger jierren fan de foarige ieu ien kear yn de trije jier. Sa wie yn 2003 it kongres ‘Gastfrij Fryslân’ yn Ljouwert en yn 2006 it kongres ‘Iepen Doarren’ yn Leek (Leck, yn Noard- Fryslân, by de Dútsk-Deenske grins). Fan 12-14 juny 2009 sil it Ynterfrysk kongres yn East-Fryslân holden wurde yn Leer, yn 2012 yn ús Fryslân en yn 2015 wer yn Noard-Fryslân. Alle lêzers fan de Swingel en oanhing binne dan fansels fan herten wolkom.

2. In Ynterfryske aktiviteit is ek it saneamde Friesen-doarpen (moeting fan Friezen) op it reade rotseilân Hilgelân (deät Lun/Helgoland). It is in kultureel barren fan mear as ien dei mei artysten út alle Fryslannen, Sealterlân, it Land Wursten en it Land Würden. It wurdt om de trije jier organisearre foar in breed publyk. De earstkommende reizen nei Hilgelân sille yn (maaie/ juny) 2010, 2013 ensfh. wêze.

3. Stúdzjemoetings fan beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, wurde ôfwikseljend yn de trije Fryslannen holden. Sa hat der yn 2007 in boeremoeting west yn úsFryslân en yn 2008 yn Noard-Fryslân. Yn 2009 sil dy holden wurde yn East-Fryslân en yn 2010 wer by ús. Yn dat lêste jier is it de 50ste kear (!). Yn 2008 hawwe studinten fan it Ljouwerter Agrarisch OpleidingsCentrum (AOC) learlingen fan in Fachschule für Landwirtschaf (en dus almeast takomstige boeren) yn Noard-Fryslân troffen. De jonge Noard-Friezen komme yn 2009 ús kant út. Spitigernôch koe in ûnderwiismoeting yn 2007 yn ús Fryslân net trochgean. Oer in pear jier wurdt it learkrêftetreffen yn de ien of oare foarm lykwols grif fannijs holden. Der binne ek plannen om yn it ramt fan in Mercatorprojekt in moeting fan 3 à 4 dagen te organisearjen yn de sfear fan it Tomke-projekt, dus benammen rjochte op de taaloerdracht oan jonge bern. It treffen stiet dan ek iepen foar dielnimmers fan bûten de trije Fryslannen. It trochgean fan sa’n moeting hinget (mei) ôf fan subsydzje út Brussel. De Fryske Rie sil dan in kulturele ekskurzje foar de dielnimmers organisearje. Yn 2008 hat der yn Noard-Fryslân in frouljusmoeting west en dy wurdt wer organisearre yn 2010 (Westerlauwersk Fryslân) en yn 2012 (East- Fryslân). Tige slagge wie de bestjoerdersmoeting (politisy) yn 2008 yn Noard-Fryslân, dy’t oer in pear jier wer holden wurde sil yn East-Fryslân (2010) en yn ús Fryslân (2012). Der wurde prikken yn it wurk steld om ta in pastoaresmoeting of Ynterfryske tsjerkedei te kommen. Studinten en oare jonge lju (tusken de 16 en 21 jier) sille mei stipe fan ús Fryske Rie yn 2009 in Ynterfrysk simmerkamp fan in wike yn East-Fryslân (Spikereach/Spiekeroog) hâlde. It kamp giet út fan it Friesisches Forum en hat as sintraal tema de Fryske identiteit en skiednis. Boppedat moatte neamd wurde:4. De kulturele Fryske jûnen yn ‘De Bres’ te Ljouwert. Dat binne iepenbiere jûnen oer ferskate kulturele ûnderwerpen dy’t te krijen hawwe mei it doel fan de Fryske Rie.5.Mooglik sil der yn de heine takomst in boattocht organisearre wurde by de Fryske eilannen lâns.

Noch wat aktiviteiten fan de Ynterfryske Rie
1. Begjin 2006, waarden op it Noard- Fryske waadeilân Söl (Dútsk: Sylt) de earste eksimplaren útrikt fan in bysûndere Dútske postsegel, û.o. oan de minister-presidinten fan Niedersachsen en fan Schleswig-Holstein. Op it segel stiet boppe in weagjende Noardsee – it natuerelemint dat alleFriezen ferbynt – yn trije talen: Fräiske Räid, Frasche Rädj en Fryske Rie. It segel hat in wearde fan 90 sinten, it nije Dútske taryf foar poststikken oant 50 gram. Oerdwers stiet op it postsegel: 50 Jahre Friesenrat.

2.De Ynterfryske Rie sil yn de kommende tiid ‘offisjeel’ in Ynterfryske flagge fêststelle. De ‘offisjeuze’ flagge dy’t yn 2006 op it Reaklif oanbean waard, waard net yn alle regio’s wurdearre.

3. Op 15 desimber 2008 ferskynt de Fryske oersetting fan it Dútsktalige boek Die Frieslande.6 Der sit in moaie topografyske kaart yn fan alle Fryslannen mei de ierdrykskundige nammen yn de eigen minderheidstaal fan elts fan de Fryslannen. De kaart is makke troch Kerst Huisman.

Ferbûnens
De Friezen út de trije Fryslannen hearre ta mear as ien steat, mar yn de ‘Ynterfryske ferklearring’ út 2006 sprekke se út dat se har, nettsjinsteande dat, ien folk fiele. En dat se as Frysk folk de eigen taal, dy’t sa beskiedend is foar har identiteit, befoarderje en útbouwe wolle. De Friezen dogge dêrby in berop op alle offisjele en net-offisjele ynstânsjes om harren dêrby te stypjen. Se wolle inoar bystean yn Fryske oangelegenheden (sjoch de Ynterfryske ferklearring op side 9). Dat is wol nedich, want net allinnich de Westerlauwerske Friezen hawwe in swiere sile te lûken om har taal yn wêzen te hâlden, by de Noard-Friezen en Sealterlanners is dat noch folle dreger. Dêr kom ik, foar in better begryp, yn kommende Swingels op werom. Dêrby is ek wat kennis fan en ynsjoch yn de skiednis fan de Fryske beweging yn ús en har kontreien tige fan betsjutting

De polityk en útwikselings oer de grinzen hinne
Yn de provinsjale Untwerpnoata taalbelied 2006 (‘Better sichtber, mear fertroud’) wurde foar de perioade oant en mei 2015 by haadstik 6, ‘Ryk en Europa’ acht doelen (resultaten) formulearre (s. 16/17), dy’t foar de Ynterfryske kontakten fan belang binne. Dat jildt ek foar kêst 14 fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden dat hannelet oer ‘útwikselings oer de grinzen’ hinne. Dat kêst soe neffens it Oanfalsplan Frysk (2007, 1ste ferzje en 2008, 2de ferzje) fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU), de Ried fan de Fryske Beweging en oaren noch foar 2010 folslein útfierd wurde moatte.7 Kêst 14a fan dat Europeesk Hânfêst slacht op it befoarderjen fan de kontakten tusken de brûkers fan deselde taal (by ús it Frysk) yn ferskillende steaten (by ús Nederlân en Dútslân) op it mêd fan kultuer, ûnderwiis, ynformaasje, beropsoplieding en permaninte edukaasje. En kêst 14b slacht op it makliker meitsjen en/of befoarderjen fan grinskrusende gearwurking tusken regionale of lokale autoriteiten fan gebieten dêr’t de minderheidstaal (by ús wer it Frysk) brûkt wurdt. Ik gean net yn op de besteande ôfspraken dêroer.8 Neffens it Oanfalsplan kin men der wiis mei wêze dat de Provinsje Fryslân de kontakten mei East- en Noard-Fryslân yntinsivearje wol, ûnder mear troch mear útwikselings en it opsetten fan mienskiplike projekten op it mêd fan kultuer, taal en ûnderwiis (Untwerpnoata 2006, s. 16: tredde doel). En ek dat de kontakten mei de Fryske Rie en it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT) en/of Mercator (Ibid., s. 17) yntinsiver wurde sille.9 It ûndersyk neide praktykútwurking fan Europeeske lannen dy’t diel III fan it Europeesk Hânfêst ratifisearre hawwe as middel om ta it ynfoljen fan minimumstanderts (Ibid., s. 17) te kommen, liket de opstellers fan it oanfalsplan ek fan grut belang. Der sil lykwols neffens har ek ûndersocht wurde moatte wat de Provinsje (noch) mear dwaan kin as allinnich itstimulearjen en fasilitearjen fan útwikselings oer de grins hinne.Te tinken falt oan it aktyf stypjen fan it krewearjen foar it Frysk yn Noard-Fryslân en Sealterlân en it besykjen om politike ynfloed út te oefenjen op de Dútske oerheden, om it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis en oare domeinen (bgl. de media) yn East- Fryslân (en Sealterlân) en Noard-Fryslân te ferbetterjen. Omdat de Fryske folksgroepen en it Frysk yn Dútslân in noch swierdere sile te lûken hawwe as de Friezen yn Westerlauwersk Fryslân as it giet om it fuortbestean fan de eigen taal en kultuer en it oerdragen fan de mienskiplike skiednis, hat ús (Westerlauwersk) Fryslân, as grutste fan de trije Fryslannen (wat it tal sprekkers en skriuwers oanbelanget), neffens it Oanfalsplan de morele en kulturele plicht om (mei) te striden foar it ferbetterjen fan de maatskiplik posysje fan de ûnderskate Fryske tongslaggen dêre. In mienskiplik projekt dat yn dat ramt yngeander besjoen wurde moat, is neffens de skriuwers fan it plan it ta stân bringen fan in ‘mienskiplike’ kanon foar de Fryske taal, skiednis en kultuer fan de trije Fryslannen, dy’t ek in wichtich plak krije moat yn it ûnderwiis (lear- of ûnderwiisplan) fan it basis- en fuortset ûnderwiis yn de trije Fryslannen.

Boarne Swingel 22. Skreaun troch Sytze T. Hiemstra

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious