De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FFOF), is de ‘fanclub’ fan de omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske omrop foar radio en televyzje. 
De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.
(oernommen fan de hiemside fan Omrop Fryslân)
Aktiviteiten
De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it blêd Each en Ear, dat fjouwer kear jiers útkomt. Se organisearje ekskurzjes, fytstochten, lêzings en in jierfergadering yn kombinaasje mei besite oan in rjochtstreeks radio- of televyzjeprogramma. Fia de Freonen fan Omrop Fryslân krije de leden ek faak koartings op Fryske boeken en CD’ s.
JIERGEARKOMSTE
De FOF hâldt syn/har jiergearkomste op woansdei 19 maart 2008.
Neiere bysûnderheden oangeande it programma folgje noch op de hiemside fan Omrop Fryslân.
Lid wurde?
Wolle jo ek graach lid wurde fan de FOF? Dat kin troch it oanmeldformulier yn te foljen.
Nije leden krije in moaie FOF-pinne.
Kontakt?
Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail: freonen@omropfryslan.nl This e-mail address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it of troch in briefke te stjoeren nei:
Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
Postbus 7600,
903 JP LJOUWERT
Deel deze info