Oprop: Wa hat ferhalen oer kneppelfreed?

Dit jier betinkt de Ried fan de Fryske Beweging Kneppelfreed 60 jier (16 novimber 1951–2011). Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân.

Yn dy 60 dagen betinke wy net allinnich Kneppelfreed – reboelje by de rjochtsaak oer it Frysk yn it offisjele ferkear – en Fedde Schurer (1898–1968), de dichter, sjoernalist en politikus, dy’t him yn dat ramt sterk makke foar it Frysk, mar wurdt ek oandacht jûn oan de rykdom oan talen op de wrâld.

Der sille in protte feestlikheden barre: sjoch www.keppelje.nl

Der sil in grutte iepening wêze op it Saailân yn Ljouwert en der sille Fedde Schurerjûnen komme. Foar dizze en tal fan oare aktiviteiten binne ferhalen nedich. Ferhalen oer Kneppelfreed sels mar ek oer Fedde Schurer. Dat meie persoanlike ferhalen en anekdoates wêze. Miskien ha jo sels noch op it Saailân west doe’t der kneppele waard. Of faaks kenne jo lju dy’t jo dêr oer fertelle wolle. Wy wolle graach alles hearre. Alle ferhalen lytse en grutte dy’t te meitsjen ha mei kneppelfreed, Fedde Schurer en it Frysk yn it offisjele ferkear binne tige wolkom.

De ferhalen kinne jo stoere nei ynfo@fryskebeweging.nl

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious