Fryske taal yn Dútske grûnwet opnimme

Berlyn – De fraksje fan de progressive partij Die Linke yn de Dútske Bûnsdei wol dat it Frysk in offisjele status krijt yn de grûnwet fan Dútslân. Dat hat de partij woansdei 28 july yn in ferklearring witte litten.

Dêrmei reagearret Die Linke op Bûnsdeifoarsitter Norbert Lammert, dy’t de Dútske taal ûnder de titel ‘liedende kultuer’ beskerming jaan wol troch dy op te nimmen yn de grûnwet. Die Linke reagearret kritysk en wol net dat allinnich it Dútsk as steatstaal brûkt wurdt.  

Neffens Die Linke moat dizze status dan ek foar it Frysk en de trije oare minderheidstalen yn Dútslân jilde: Deensk, Roma en Sorbysk, dat troch Slavyske ynwenners yn parten fan de eardere DDR brûkt wurdt.

Neffens rûzingen prate yn Dútslân 12.000 minsken Frysk, foar it grutste part yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein. De measten dêrfan (10.000) wenje yn Noard-Fryslân tusken Hamburg und Denemarken yn. Yn Sealterlân en omkriten wurdt it Sealterfrysk brûkt, troch om-ende-by 2.000 minsken. Ek yn Nederlân is diskusje oer it opnimmen fan de Fryske taal yn ‘e grûnwet. De measte partijen yn ‘e Twadde Keamer wolle dat it Frysk opnommen wurdt as ek it Nederlânsk fêstlein wurdt.

Boarne: http://www.dnews.de/nachrichten/politik/275308/friesisch-muss-ins-grundgesetz-aufgenommen-werden.html en http://www.linksfraktion.de/pressemitteilung.php?artikel=1296833330 

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious