De side Te keap yn Fryslân
De side ‘Te keap yn Fryslân’ is al wer acht moanne online. Wy fan de redaksje fan Itnijs binne tige benijd hoe’t it giet mei de side. De man efter Tekeapynfryslan is Joop Hoekstra. Dy kaam mei it idee, omdat de bekende side Marktplaats gjin Frysktalige advertinsjes akseptearre. De Ried fan de Fryske Beweging hat dêr in soad ophef oer makke.
Neffens Joop Hoekstra giet it goed mei de side. Der steane yn trochsneed 3500 partikuliere advertinsjes op. Sûnt it begjin hawwe der mear as 120.000 besikers west, en 12.5 miljoen hits. De advertinsjes komme út hiel Fryslân wei.
De takomst fan de side sjocht der goed út. Der binne yntinsjes om de side út te wreidzjen mei in tal aardige dingen, likegoed foar it Fryske bedriuwslibben as foar de Fryske ynwenners. It moaiste soe neffens Hoekstra wêze dat de side ‘de’ startpagina wurdt foar eltse Fries. Elts bedriuw krijt de mooglikheid om him tsjin in lege fergoeding oan it Fryske publyk te presintearjen. Der komt ek in goededoele-aksje: lokale inisjativen dy’t fia sms-tsjinsten oan jild komme kinne. Der komme mooglikheden foar bygelyks ferienings om harren aksjes te promoaten en der komt in boadskippetsjinst.
Al dy ideeën kostje fansels jild en dat is in swierrichheid. Op dit stuit is Hoekstra yn ûnderhanneling mei partisipanten dy’t ek jild yn de side stopje wolle. Mocht dat net slagje, dan sille se oandielen útjaan om it nedige jild te kommen.
It doel is om in side te meitsjen dêr’t eltse Fries syn foardiel mei dwaan kin. En om de rest fan de digitale wrâld sjen te litten wat der te keap en te dwaan is yn Fryslân.
Sjoch op: http://www.tekeapynfryslan.nl/
Deel deze info