Nijs oer it Frysk

Fryske twitter (folg) buttons no fergees del te heljen!

Wy binne der grutsk op dat hjoed de website frysketwitterbutton.nl yn de loft is. Jo kinne no foar it earst Fryske twitter buttons delhelje foar op jo website, blog of wêr’t jo it mar ha wolle.

It projekt is in inisjatyf fan Liesbeth Hiddema fan Skelp Webdesign yn gearwurking mei de Ried fan de Fryske Beweging. De buttons binne allegear unieke ûntwerpen en jo kinne se no fergees delhelje.

http://www.frysketwitterbutton.nl/

Fan kneppeljen nei keppeljen, jo komme ek?!

Nije Ynterfryske Dikekaart

De Ried fan de Fryske Beweging presintearret nije Ynterfryske Dikekaart by betinking Slach by Warns 1345

De Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging hat in nije Ynterfryske Dikekaart makke. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.
Lês fierder…

Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje

Achte Kolleezje, achte deputearre De Vries,

Op 8 april 2011 binne troch de fraksje fan GrienLinks skriftlike fragen yntsjinne oer it ‘Griene Boekje’. Soks nei oanlieding fan in Te Gast fan Jan Schotanus fan DAT Tekstbureau. De Ried fan de Fryske Beweging stipet it pleit fan Schotanus en GrienLinks om te kommen ta sa’n wurdlist foar it Frysk. Ut ús kontakten mei alderhanne ynstânsjes en persoanen begripe wy dat der wier ferlet is fan in ienheidsstavering, benammen foar it profesjoneel en offisjeel gebrûk fan it skreaune Frysk. Wy fersykje jim Kolleezje dan ek om de Fryske Akademy opdracht te jaan ta it gearstallen fan sa’n offisjele wurdlist.

Lês fierder…

It Bûsboekje 2012 leit foar jim klear!

De redaksje fan it Bûsboekje hat wer wat út ‘e wei set: in nij, folweardich bûsboekje, alhiel yn ‘e Fryske taal: in unyk produkt. It Bûsboekje 2012 hat diskear in lichter en luchtiger tema: ‘koekjebakker’.

Lês fierder…

Meer nijs oer it frysk

  • Oprop: Wa hat ferhalen oer kneppelfreed?

    Dit jier betinkt de Ried fan de Fryske Beweging Kneppelfreed 60 jier (16 novimber 1951–2011). Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân.

    Lês fierder…

  • Mylpeal 5000 nijsberjochten op www.itnijs.nl

    Nijs yn it Frysk brocht troch frijwilligers. Dit konsept hat der foar soarge dat yn in tiidsbestek fan 20 moannen 5000 nijsberjochten op it ynternet set binne. Alle frijwilligers binne dan ek út de skroeven mei dit resultaat. De side hat de ôfrûne moannen sjen litten dat it him op tal punten ûnderskiedt fan oere nijssiden. In folslein Frysktalige nijsside dy’t nijs bringt fan de hiele wrâld oant nijs fan hiel tichtby. Dat konsept is yn Fryslân unyk.

    Lês fierder…

  • Fryske Beweging stipet Tryater

    Aan de Weled. Heer drs. H. Zijlstra
    Staatssecretaris van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap
    Lês fierder…

  • Fakatuere foar: Projektmeiwurker ynternet

    De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje as koepel fan 12 oansletten organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs).

    Lês fierder…

  • Fryske Reklamepriis 2011

    Foar de 14e útrikking fan de Fryske Reklamepriis 2011 hat de sjuery fiif Fryske of meartalige kommersjals nominearre yn de kategory tillevyzje en fiif yn de kategory radio.

    Lês fierder…