Nij kabinet moat oan de slach mei taalbelied Frysk
Ljouwert – Yn septimber hie de Nederlânske oerheid har fjirde steatsrapport, nei oanlieding fan de ôfspraken makke yn it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa yn Straatsburch ynleverje moatten. Dit is net bard. Ek it tredde rapport, yn 2007, wie te let. De Ried fan Europa, ynternasjonaal better bekend as de Council of Europe, wie dêr doe min oer te sprekken.
Yn it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, ek wol bekend as European Charter for Regional or Minority Languages, wurde de rjochten fan minderheidstalen fêstlein. Nederlân wie ien fan de earste fiif lidsteaten fan de Ried fan Europa dy’t it Europeesk Hânfêst ûndertekene en ratifisearre. It like der doe op dat Nederlân wurk meitsje soe fan it belied foar it Frysk en it Nedersaksysk. It liket der lykwols op dat it taalbelied stilfallen is.
Fryske organisaasjes oansletten by it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT) hawwe dêrom in oersjoch makke fan de lêste stân fan saken wat it Frysk yn Nederlân en Fryslân oanbelanget. Op ferskate ûnderwerpen foldocht Nederlân net oan de ôfspraken dy’t makke binne yn it Europeesk Hânfêst. Al trije kear earder hawwe de eksperts fan de Ried fan Europa ferskate oanbefellings dien, lykas fierdergeande desintralisaasje en maatregels wat it ûnderwiis yn it Frysk en yn de media oanbelanget, mear oerlis mei de Fryske oerheid en it fierder stimulearjen fan it Frysk yn de rjochtseal.
De Fryske organisaasjes binne yn prinsipe posityf oer de yn it regearakkoart oankundige taalwet foar it lykweardich brûken fan it Frysk en Nederlânsk yn de provinsje Fryslân. De Ried fan Europa is frege om it ta stân kommen fan in Fryske taalwet te stypjen. De Fryske organisaasjes wolle by dizzen it nije kabinet en minister Donner fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oproppe om wer mei faasje oan de slach te gean mei it útfieren fan de yn it Europeesk Hânfêst makke ôfspraken en it taalbelied Frysk.
It Steatekomitee Frysk fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, dêr’t alle politike partijen yn de steaten yn fertsjintwurdige binne, stipet yn in eigen brief it brief fan it EBLT en biedt himsels as ynformaasjeboarne oan oan de Ried fan Europa. Konkreet wurdt tawurke op in spesjale harksitting fan de Intergroup fan it Europeesk Parlemint mei de saakkundigen fan de Ried fan Europa oer de posysje fan it Frysk. De saneamde Intergroup fan it Europeesk Parlemint ferienet Europarlemintariërs dy’t sels in minderheidstaal prate of opkomme foar de rjochten fan minderheidstalen. Sa’n tsien persint fan ‘e ynwenners fan ‘e Europeeske Uny praat thús ien fan de tsientallen minderheidstalen lykas it Baskysk, Bretonsk, Frysk, Katalaansk, Friûlysk, Gaelic, Oksitaansk, Sámi, Sorbysk, ensfh.
Fryske organisaasjes dy’t de brief oan de Ried fan Europa stypje binne: Afûk, Berie foar it Frysk, Cedin-Taalsintrum Frysk, Freonen fan Omrop Fryslân, Feriening Frysk Underwiis, Folkshegeskoalle Schylgeralân, Fryske Akademy, Fryske Rie, Jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK), NHL Hogeschool, Omrop Fryslân, Ried fan de Fryske Beweging, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Stichting Ons Bildt, Tresoar, Tryater en Vereniging Levende Talen, seksje Frysk.
Deel deze info