Lokwinsk Winsumer Keatskrite
Ljouwert, 26 septimber 2010
Achte bestjoersleden,
De Ried fan de Fryske Beweging wol jimme lokwinskje mei de iepening fan de earste keatskrite fan Fryslân foar de jongerein.
Troch jimme krewearjen en mei de jildlike stipe fan de Frjentsjerter PC is it jongfolk hjirmei yn steat steld om dizze moaie Fryske sport op in leechdrompelige wize te beoefenjen en oan te learen.
Wy binne fan betinken, dat dizze tûke fan sport yn Fryslân by benammen jonge minsken befoardere en stimulearre wurde moat. It inisjatyf dat jimme nommen hawwe om ta de realisaasje fan dit bernekeatsfjild te kommen, stiet jimme te priizgjen. Dat dizze foarstap ta foarbyld en neifolging tsjinje mei foar oare keatsklups. Wy hoopje dat dêrtroch yn de heine takomst mear fan dizze ‘bernekeatsfjildsjes’ rûnom yn Fryslân realisearre wurde.
Mei freonlike groetnisse, út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging,
Deel deze info