Lokwinsk Arjen Versloot

Rju heechbewittenskippe hear Versloot, bêste Arjen,

Hjirby de hertlike lokwinsken fan de Ried fan de Fryske Beweging mei de beneaming as heechlearaar oan de universiteit fan Amsterdam.

It jout de Ried in tige goed gefoel dat in âld bestjoerslid fan de Ried yn dizze posysje beneamd is.
Geregeldwei hawwe yn de media publikaasjes en produkten mei de namme Arjen Versloot de oandacht frege en mei reden.
Sûnder kompleet te wêzen tinkt it bestjoer oan û.o.:

- de ûntsteansskiednis fan it Stedfrysk,
- De bydragen oan it ta stân bringen fan de staveringshifker/taalhelp,
- it dialektûndersyk,
- de stúdzje nei lûdferswakking yn it Aldfrysk,
- it yn it ljocht jaan fan in protte kartografysk wurk,
- en okkerdeis de publikaasje fan it boek ‘Tusken Talen’.

Al dy produkten ferriede in tige warber en produktyf man. Nochris de hertlike lokwinsken en in protte nocht, wille en wiisheid tawinske by de ferfolling fan dizze funksje – mei fansels in hiel soad studinten.

Mei rju achtinge en freonlike groetnisse,
út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging,

Renze Valk, skriuwer

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious