Is D66 in Anty-Fryske politike partij wurden?
Achte Bestjoer fan D66,
Ta grutte fernuvering fan de Ried fan de Fryske Beweging wol D66 de provinsje Fryslân opheffe en opgean litte yn in grut lânsdiel. Gearfoegjen of opheffen fan de provinsje Fryslân hat grutte gefolgen: sawol ekonomysk as kultureel.
Ekonomyske delgong
It gearfoegjen fan de noardlike provinsjes sil foar Fryslân in ekonomyske delgong ynsette. It is hast in izeren wet dat dêr wêr’t skaalfergrutting tapast wurdt de ekonomyske ûntjouwing plakfynt yn it bestjoerlike sintrum. Nederlân leveret dêrfoar sels it foarbyld. Sûnt 1600 is it ekonomysk swiertepunt wat langer wat mear yn de rânestêd kommen te lizzen. Wat fierder fan it politike sintrum ôf nammerste swakker de ekonomyske ûntjouwing en dêrtroch nammerste leger de trochsneed ynkomsten. Tichterby is Grins mei de Ommelannen in dúdlik foarbyld. Yn en om de stêd is alle bedriuwichheid konsintrearre, wylst it eastlik part stadichoan earmer wurdt. It opheffen fan Fryslân as selsstannige provinsje en opgean litte yn in noardlik lânsdiel sil alle bestjoerlike aktiviteiten yn it sintrum, yn dit gefal de stêd Grins, konsintrearje. Faak sjocht men dan dat it heger ûnderwiis der efteroan giet, lykas de bedriuwen, omdat dêr fertsjinne wurde kin. It is tige oannimlik dat Ljouwert grutte parten fan syn wurkgelegenheid kwyt rekket en fierder fertutearzje sil. Dat sil net ferholpen wurde mei ekonomyske kompensaasjemaatregels of oare stimulearringsprogramma’s. Efterstannen ûntsteane troch in gebiet ôfhinklik te meitsjen fan in bestjoerssintrum fier fuort.
Kulturele ienheid
It twadde grutte beswier fan de Ried tsjin it stânpunt yn it konseptprogramma fan D66 is dat it hjoeddeiske Fryslân in kulturele ienheid is mei in eigen taal en in eigen gesicht. Mocht de provinsje as bestjoerlike ienheid ferdwine, dan sille de taal en kultuer dêr bot fan te lijen ha. As de provinsje fusearret mei bygelyks Grins en Drinte, dan sil de fiertaal yn de Steaten net mear Frysk wêze kinne. Kin der dan noch Frysk praten wurde by de rjochtbank en wurde Frysktaligen dan noch troch oerheidsorganen skriftlik en mûnling yn it Frysk te wurd stien? It provinsjaal bestjoer is al mear as 50 jier hoeder en noeder fan de Fryske taal en kultuer. Yn in grut lânsdiel sil dat hoedzjen en noedzjen sûnder mis te koart dien wurde. Dêrfoar jildt itselde mechanisme as wat hjirboppe ûnder ekonomyske delgong sein is oer de negative effekten fan grutskaligens.
Hegere wetjouwing
Ofsjoen fan de frjemde beweging fan skaalfergrutting yn in tiid dat der wakker roppen wurdt dat it bestjoer en de polityk te fier ôfsteane fan de boarger en de fraach oft skaalfergrutting werklik jild opsmyt of dat it allinne mar ferskowing fan jild is, binne der ek noch it Europeesk Hânfêst en de Bestjoersoerienkomst fan Ryk en Provinsje. Yn de 3e Bestjoersôfspraak stiet: “Het Rijk respecteert de bestuurlijke eenheid van de provincie Fryslân als uitgangspunt voor zijn beleid”. Dy ôfspraak is de útwurking fan art. 7, earste lid, ûnder letter b fan it Hânfêst. It Europeesk Hânfêst dat troch de Twadde en Earste Keamer behandele en fêststeld is foar Nederlân jildt fanwege ús demokratysk bestel ek foar de legere oerheden, dus ek foar de provinsjes. Op grûn dêrfan kin Fryslân samar net gearfoege wurde mei oare provinsjes.
Yn jimme konsept program wurdt steld dat de Fryske taal en kultuer net ûndermine wurde sil troch it opgean fan de provinsje yn in lânsdiel en dat it wol of net bestean fan in bestjoerslaach gjin ôfbreuk docht oan de Fryske taalkundige en kulturele identiteit. De wurklikheid is lykwols oars en hurder as dizze net bot realistyske ferûnderstelling. Jierrenlange ûnderfining yn ferskate dielen fan Europa mei it feroarjen en benammen it fergrutsjen fan bestjoersgebieten en de ynfloed dêrfan op de besteande regionale talen en minderheidstalen hat oantoand dat de gefolgen fan sokke weryndielings tige neidielich wiene en binne foar dizze talen. Dit wie ek de reden om yn Diel II fan it Europees Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen kêst 7 1b op te nimmen dat seit dat: It geografysk gebiet fan eltse regionale of taal fan in minderheid earbiedige wurde moat om te fersekerjen dat besteande of nije bestjoerlike yndielings gjin behindering foarmje foar it befoarderjen fan de oanbelangjende regionale of taal fan in minderheid.
Dit wie ek de oanlieding foar it Dútske Bûnsregear om yn Sleeswyk – Holstein in skaalfergrutsjen werby de kreis Noardfryslân opheven wurde soe, net troch te setten.
Diel II bestiet neffens de Memoarje fan Taljochting (Goedkarring Hânfêst Twadde Keamer 1994-1995) út in tal algemiene doelstellings en begjinsels dêr’t it belied yn brede sin fan de dielnimmende lid-steaten oangeande regionale of talen fan minderheden oan foldwaan moat. Der wie oan tafoege dat yn Nederlân soks oangeande it Frysk sûndermis it gefal wie.
Aardich yn dit opsicht is de ferklearring fan de doetiidske Minister fan Utlânske Saken, H.A.F.M.O. van Mierlo “in conformity with the provisions of article 18 of the European Charter for Regional or Minority Languages, done at Strasbourg on 5 november 1992, that the Kingdom of the Netherlands ACCEPTS the said Charter for the Kingdom in Europe and that the provisions so accepted shall be observed in their entirety”.
In regionale taal of minderheidstaal is net allinne in saak fan identiteit mar ek en foaral in kwestje fan kulturele rykdom sa as mefrou Augusteijn-Esser it by de behanneling fan it Hânfêst yn de Twadde Keamer sa treflik sein hat. “ Regionale en minderheidstalen zijn een essentieel onderdeel van het Europese culturele erfgoed en zij verdienen beschermd en versterkt te worden. Een verscheidenheid aan talen is een van de meest kostbare bestanddelen van dat Europese erfgoed. D66 onderschrijft dan ook het algemene doel van het handvest tot bescherming en bevordering van deze talen in de lidstaten van de Raad van Europa”.
D66 seit yn har program dat minsken best sels beslisse en bepale kinne. Dat hoecht de oerheid net foar harren te dwaan. Ek seit it program dat de boarger mear ynfloed ha moat en dat de provinsjale bestjoersstyl tefolle kenmerke wurdt troch in hâlding fan: ”Wy witte wat goed foar jo is”. Mar hoe sit it dan mei D66 sels as bliken docht dat it grutste part fan de Fryske befolking de provinsje as bestjoersienheid hâlde wol en ek de provinsjale steaten fan yn elts gefal Drinte, Fryslân en Grinslân dit sa hâlde wolle? It program seit dat it bestean fan in bestjoerslaach gjin ôfbreuk oan de Fryske kulturele, taalkundige, skiedkundige en emosjonele identiteit dwaan mei: “D66 wil dat ook binnen de nieuwe constructie het belang van de Friese taal en cultuur actief zal worden worden behartigd”. De Ried konstatearret dat foar D66 it behâld fan it Frysk ûnderskikt makke wurdt oan de skaalfergrutting. Hjir boppe is útlein dat yn teory tocht wurde kin dat in gruttere skaal gjin negatieve ynfloed hat op de taal en kultuer fan minderheden, mar de praktyk hat oars útwiisd. By it opstellen fan it Europeesk Hânfêst is krekt op grûn fan ynternasjonale ûnderfining wol rekken holden mei de foarspelber funeste ynfloed fan skaalfergrutting op minderheidstalen.
D66 en it Frysk
Yn it hiele ferkiezingsprogramma fan D66 stiet niks oer it behâld of stypjen fan it Frysk. Der wurdt einige mei de sin dat D66 folsein fertrout op de krêft fan de Fryske identiteit. Dan is it nuver dat it Frysk fertrouwe moat op de eigen krêft en dat it Hollânsk om raak stimulearre wurdt. Oeral yn it programma wurdt jild foar útlutsen útsein foar it Frysk.
De provinsjale bestjoeren binne tsjin gearfoegjen
Yn Fryslân is fierút de grutste mearderheid fan de boargers tsjin it opgean fan de provinsje Fryslân yn in noardlik lânsdiel. As dit konseptprogramma sûnder wizigings troch de gearkomste fan D66 akseptearre wurdt dan kinne wy as Ried fan de Fryske Beweging net oars sizze as dat D66 in anty-Fryske politike partij wurden is.
De Ried tidiget der op dat de leden fan D66 opkomme foar Fryslân en de Fryske taal en kultuer en takom wike op de ledegearkomste in stokje stekke sille foar dizze passaazje yn it konseptprogramma. Jo meie dit brief sjen as in ynkommen stik fan de ledegearkomste.
Mei achtinge en groetnisse,
foar de Ried,
Dr. R. W. Valk, skriuwer fan de Ried
Deel deze info