Fryske Reklamepriis foar Rabobank en Mazzelshop Exploitatie BV

De Fryske Reklamepriis 2012 foar radio-reklame is hjoed takend oan de kommersjal ‘Simmer yn Fryslân’ fan Rabobank, produsearre troch Metafoormedia. Yn de kategory tillevyzje gie Mazzelshop Exploitatie BV mei de priis nei hûs. De winnende kommersjal ‘Femke & Gijsbert’ waard produsearre troch Merlin producties.

Jubileum
Fan ‘e middei waard foar de 15e kear de Fryske Reklamepriis útrikt. Dat barde op de Ljouwerter Bedriuwekontaktdagen yn de stand fan de gemeente Súdwest-Fryslân. By de útrikking wienen ferskate fertsjintwurdigers út de Fryske reklamewrâld oanwêzich, belangstellenden út it Fryske sakelibben en oare gasten.

Piet Paulusma
Kommisjefoarsitter Dykstra makke yn syn iepeningswurd dúdlik dat yn reklameboadskippen it brûken fan it Frysk opfalt en fertroud oerkomt. Boppedat heart de taal by de Fryske mienskip en hoecht dêrom yn it ekonomyske domein net foar it Hollânsk ynwiksele te wurden. Waarman Piet Paulusma wie troch de kommisje oansocht om de prizen út te rikken. Net allinnich de opdrachtjouwers mar ek de makkers fan de winnende reklameboadskippen krigen fan him in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert en in troch byldhouwer Woudwijk ûndertekene oarkonde.

De stim fan sjuery en publyk
Lykas oare jierren hat in ûnôfhinklike sjuery fiif Frysk- of meartalige kommersjals nominearre yn de kategory televyzje en fiif yn de kategory radio. De reklameboadskippen binne beoardiele op kommunikaasjewearde, de technyk sa as montaazje en voice-overs én de kwaliteit fan it Frysk. Humor en it eigen idioom fan it Frysk spylje ek in wichtige rol. Nei it sukses fan ferline jier waard it publyk dit jier wer frege te stimmen op ien fan de nominearre kommersjals. Oan dy publyksstimmerij ha goed 1000 minsken meidien. It resultaat waard brûkt as in ekstra sjuerylid om yn eltse kategory de winner oan te wizen. It folsleine sjueryrapport is nei te lêzen op www.fryskereklamepriis.nl

Oare nominaaasjes:
Yn de kategory radio wienen neist ‘Simmer yn Fryslân’ fan de Fryske Rabobanken nominearre: ‘Wy binne jo bank’ fan de Fryske regiobanken, ‘Relakse yn Fryslân’ fan Wellness en Beauty Sauna de Woudfennen, ‘Blommen op it rút’ fan Belisol Leeuwarden en ‘Salonboot Gaasterland’ fan Salonboot Gaasterland.

Njonken ‘Femke & Gijsbert’ fan Mazzelshop Exploitatie BV wienen yn ‘e kategory tillevyzje nominearre: ‘Douwe Egberts Goede Ideeën Campagne – TVC Doutzen’ fan Koninklijke Douwe Egberts, ‘De byb docht wat mei dy’ fan bibliotheken Midden-Fryslân, ‘Simmer yn Fryslân’ fan de Rabobank en ‘Bêste winsken’ fan ABD Renault.

De Fryske Reklamepriis
De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân en is mooglik makke mei stipe fan de Provinsje Fryslân, de Boersma-Adema Stichting, de Douwe Kalma Stifting en it Arjen Witteveen Fûns. De priis wurdt alle jierren útrikt mei it doel it brûken fan it Frysk yn reklame-uterings te stimulearjen.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious