Fryske Reklamepriis 2011

Foar de 14e útrikking fan de Fryske Reklamepriis 2011 hat de sjuery fiif Fryske of meartalige kommersjals nominearre yn de kategory tillevyzje en fiif yn de kategory radio.

De nominearre tv-boadskippen binne (yn samar in folchoarder): ‘Binne’ fan De Haan Westerhoff, ‘Wettertaksy’ fan Wagenborgen Watertaxi, ‘Bêst genôch’ fan RESI Wooncentrum, ‘Aktyf yn Fryslân’ fan Dong Energy en ‘Syktekostefersekering’ fan Dutsen.nl.

Foar de bêste Frysk- of meartalige radioreklame hat de sjuery de folgjende ynstjoerings nominearre (ek yn samar in folchoarder): ‘Simmer yn Fryslân’ fan de Rabobank, ‘Tigchelkachels’ fan Tigchelaar Tegelkachels, ‘Aktyf yn Fryslân’ fan Dong Energy, ‘Krekt as thús’ fan Palet en ‘Ferkiezings Súdwest-Fryslân’ fan it CDA Súdwest-Fryslân.De reklameboadskippen wurde troch in ûnôfhinklike sjuery beoardiele op kommunikaasjewearde, de technyk sa as montaazje en voice-overs en op de kwaliteit fan it Frysk. Humor en it eigen idioom fan it Frysk spylje in wichtige rol. Neist de sjuery, dy’t út fiif persoanen bestiet, fertsjintwurdiget it Fryske publyk it 6e sjuerylid. Mar leafst 2000 minsken brochten in stim út en beslisse úteinlik mei wa’t op 22 maart mei de Grutte Pier 2011 nei hûs giet. De Fryske Reklamepriis wurdt takend oan de opdrachtjouwer, it mooglike reklameburo en de produsint fan de kommersjal. De priis bestiet út fergees publisiteit en in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert. De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious