Fryske twitter (folg) buttons no fergees del te heljen!
Wy binne der grutsk op dat hjoed de website frysketwitterbutton.nl yn de loft is. Jo kinne no foar it earst Fryske twitter buttons delhelje foar op jo website, blog of wêr’t jo it mar ha wolle.
It projekt is in inisjatyf fan Liesbeth Hiddema fan Skelp Webdesign yn gearwurking mei de Ried fan de Fryske Beweging. De buttons binne allegear unieke ûntwerpen en jo kinne se no fergees delhelje.