Oan it Kolleezje fan B&W fan Wymbritseradiel

Oan it Kolleezje fan B&W fan Wymbritseradiel
y.ô.o. de riedsleden
Stêdsleane75,
8651 AC Drylts.

Ljouwert, 29 juny 2009
Achte Kolleezje,

Op 20 maaie 2008 hat de gemeenteried fan Wymbritseradiel yn har riedsgearkomste besletten om de Fryske nammen foar de doarpen as de offisjele nammen te ferklearjen. Troch in amendemint fan it CDA moast de ynfieringsdatum 1 jannewaris 2009 wurde. B&W moasten foar dy datum allinne noch soargje dat de krekte beneaming fan de doarpen yn de GBA opnommen waard. Op de riedsgearkomste fan 16 desimber is oer it brondokumint net mear praten mar is der ek neat feroare oan it beslút fan 20 maaie 2008 omdat alle ynstjinne amandeminten fersmiten binne. De Ried fan de Fryske Beweging hat dêrút de konklúzje lutsen dat op dit stuit de Fryske nammen de offisjele nammen fan de doarpen binne mar dat it net dúdlik is hoe’t dy skreaun wurde moatte. De Ried fan de Fryske Beweging wol dêrom graach fan jimme witte hokker prikken it gemeentebestjoer yn it wurk steld hat om it beslút fan 20 maaie 2008 út te fieren. Benammen binne wy der benijd nei wat jimme dien ha y.f.m. de registraasje foar 1 july yn it ramt fan de ynfiering fan de BAG. Ha jimme de Hollânske of de Fryske nammen opnimme litten. Is der in beslút oer nommen dêr’t de ynwenners tsjin yn berop gean kinne? Wer moatte ynstânsjes lykas TNT har no oanhâlde en wat moat der yn de tillefoangids?

Graach krije wy fan jimme Kolleezje op koarte termyn antwurd op boppesteande fragen om dêrmei dúdlikheid te krijen oer de situaasje.

Mei rju heechachting,
Dr. R.W. Valk

(skriuwer RfdFB)

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious