Moasjes yn de oare streektalen

Oan it presidium fan
de Provinsjale Steaten fan
de Provinsje Fryslân
Postbus Snekertrekweg 1
8912 AA Ljouwert

Ljouwert, 25 augustus 2009

Achte Presidium,

De Ried fan de Fryske Beweging wol hjirby syn teloarstelling útsprekke oer dat it yn de Steaten neist it yntsjinje kinnen fan moasjes yn it Frysk en it Nederlânsk net mooglik is om dat ek dwaan te kinnen yn ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde.

De Ried fynt dat dy talen in diel binne fan de Fryske kultuer en hearre by it eigene fan groepen ynwenners fan Fryslân. It is tige spitich konstatearje te moatten dat yn Nederlân en ek yn oare lannen it tal minsken dat him utert yn har streektaal weromrint. Dat betsjut dat dêrmei ek in diel fan de spesifike eigenheid fan har kultuer ferdwynt.

De Ried fan de Fryske Beweging sels is der dan ek tige wiis mei dat sawol Ôns Bildt  as de Stellingwerver Skrieversronte lid binne fan de Ried en yn ‘e mande mei alle oare oansletten organisaasjes har ynsette foar it behâld, ûntwikkeljen en bestindigjen fan de Fryske kultuer.

Dêr’t it giet om de Fryske kultuer fynt de Ried dat wy der yn Fryslân wach op wêze moatte  de streektalen dy’t hjir fan âldsher sprutsen wurde te behâlden en te stimulearjen. It hie dêrom yn dit gefal in positive stimulâns west foar it yn stân hâlden fan de Fryske kultuer dat it mooglik west hie om in moasje yn it Stellingwerfs yn te tsjinjen.

De Ried freget jimme dan ek om it mooglik te meitsjen yn it ramt fan it yn stânhâlden en stimulearjen fan de ûntwikkeling fan de Fryske kultuer dat moasjes ek yn in streektaal, dy’t hjir fan âldsher sprutsen wurdt, yntsjinne wurde kinne.

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

R.W. Valk, skriuwer

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious