www.itnijs.nl

Nijs yn it Frysk, op ien hiemside. It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt der noch net folle Frysk yn it nijs brûkt.Eins soe it hiel gewoan wêze moatte dat men yn Fryslân it nijs yn de eigen taal kriget. Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke en sa no en dan in stikje yn it Frysk, Stellingwerfsk of Biltsk opnimme. Noch minder faak is der in stikje yn it Stedsk. En dan giet it ek faak allinne noch mar oer saken dy it Frysk of Fryslân oanbelangje. Om it Frysk ek by it nijs in folwoeksen plak te jaan hat de Ried fan de Fryske Beweging in nije hiemside op it ynternet set. It is in nijsside mei as adres www.itnijs.nl. De side ûnderskiedt him op tal fan punten fan oere nijshiemsiden. It is de earste folslein Frysktalige Nijsside dy’t him net beheint ta de regio. De nijsfoarsjenning wurdt ûnderholden troch frijwilligers. Op de nijsside komt nijs fan de hiele wrâld oant it nijs fan hiel tichtby. Ek sil de Ried berjochten pleatse út de oare Fryslannen. De Ried wol safolle mooglik aktiviteiten dy’t yn Fryslân plakfine in plakje jaan op de hiemside. De hiemside moat in middelpunt wurde fan it Frysk op it ynternet.

Der is noch romte foar nije korrespondinten. Wa’t der niget oan hat om nijs oan te leverjen, kin kontakt opnimme mei de Ried: info@fryskebeweging.nl. Sjoch foar mear ynformaasje op www.itnijs.nl

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious