De Fear
De Ried fan de Fryske Beweging stekt ien kear yn it jier in persoan of in organisaasje in “Fear yn ’e Broek”
as dy him/har tige fertsjinstlik makke hat op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him ek foar ynset; bygelyks as
- de Fryske taal oanhâldend yn gebrûk en yn it omtinken fan in protte lju brocht wurdt;
- dêrmei in stimulâns jûn wurdt oan in wichtige doelstelling fan de Ried fan de Fryske Beweging;
- dêrmei in foarbyld jûn wurdt oan oaren yn Fryslân.
Wa krigen De Fear…?
1994. Wio Joustra, dy’t him as redakteur fan de Volkskrant geregeld posityf yn dy krante utere oer saken yn en oangeande Fryslân.
1995. Cor Jousma, dy’t mei sukses krewearre hat om by de PTT en de NS it brûken fan de offisjele Fryske plaknammen te brûken.
1996. Wybren Couperus, dy’t in Frysktalich beropsskrift nei de Belestingstsjinst stjoerd hie, dat wegere waard. Mar dochs hat er it foarinoar krigen foar de rjochtbank en by de Hege Ried dat it akseptearre wurde moast.
1997. Tineke Netelenbos, steatsekretaris fan Underwiis, dy’t, hoewol’t se sels net safolle romte joech, it ûnderwiisfjild yn Fryslân oprôp om net te ôfwachtsjend te wêzen en sels it lesjaan yn it Frysk better oan te pakken.
1998. Oebele Brouwer, Offisier fan Justysje yn Ljouwert, dy’t ferskate dingen dien hat om it Frysk yn de rjochtbank te befoarderjen en mear in gewoane saak te meitsjen.
1999. Cees Bangma, polysjesjef fan Mid-Fryslân, dy’t yn deselde tiid it brûken fan it Frysk yn syn korps stimulearre.
2000. Arno Brok, wethâlder fan Ljouwert, dy’t derfoar soarge dat it Frysk by de gemeente Ljouwert mear brûkt wurdt, it kolleezje fan B&W Fryske les krigen en Ljouwert mear as haadstêd fan Fryslân beskôge wurdt.
2001. Paul Herre, Friedhofstrasse 17, Seelterlound/Sealterlân, dy’t yn dizze lytse enklave mei dieden – bgl. altyd in Fryske flagge út hawwe en jongfolk ûnderdak biede foar Fryske gearkomsten – blike litten hat, dat it Sealtersk behâlden wurde moat.
2002. De Broekster Boys, de fuotbalklub út Broeksterwâld, dy’t de striid mei de KNSB oangong en fuort gjin belies joech om harren yn de korrepondinsje mei dat bûn fan it Frysk te uterjen.
2003. Fryske Studinteferiening Bernlef yn Grins, dy’t de persiflaazjefilm ‘De Kameleon’ útbocht, dy’t in soad minsken laitsje en genietsje liet.
2004. Bertus Postma fan Bitgummole, dy’t o sa krewearre hat om de Fryske wetternammen offisjeel ynfierd te krijen.
2005. Gertjan Verbeek, trener fan Sportklup It Hearrenfean, dy’t as ‘nije Fries’ derfoar keas om, yn neifolging fan Foppe de Haan, mei de Fryske media yn it Frysk te praten.
2006. Aaipop, dat mei de muzykfestivals yn Nijlân de Fryske kultuer op in bysûndere wize stimulearret.
2007. Frivius Enerzjy yn Dokkum, dat as bedriuw syn bêst dien hat foar in Fryske útstrieling.
2008. Danijel Dizdarevic en Rik Steur, twa ‘nije Friezen’, dy’t harsels de Fryske taal gau eigen makke hawwe en him op in treflike wize brûke.
2009. Berne-iepenloftspul Easterwierrum, dat mei syn opfierings al jierren in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer leveret.
Deel deze info