Fryske beweging

De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje.

De Ried fan de Fryske Beweging is een stifting, dêr’t in tal organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.

De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en sa’n 10 wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Alle kommisjes beoarderje selsstannich in beskate taak. De nammen fan de kommisjes sizze faaks genôch oer wêr’t se mei dwaande binne. Foar in part strike ús aktiviteiten mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.

Dêrnjonken is de Ried mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en rikt hja ien kear yn ‘t jier de Fear yn ‘e Broek út.

Binne jo ek wiis mei Fryslân en wolle jo dêrom ‘stiper wurde’ fan de Ried fan de Fryske Beweging? Dan kinne jo jo oanmelde troch de knop ‘stiper fan de Fryske Beweging Wurde yn te drukken. Jo krije dan fjouwer  kear yn ‘t jier ús bewegingsblêd ‘Swingel’ en kinne dan meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk.

Stiper fan de Ried fan de Fryske Beweging binne jo foar € 20,- it jier

KONTAKT mei Ried fan de Fryske Beweging:

ynfo@fryskebeweging.nl

Tillefoan: 058-2138913 of 0515-559597

Bankrekkenumer: 298019930 Ried fd Fryske Beweging, Ljouwert. 

Sjoch ek op de oare hiemsiden fan de Fryske Beweging.
www.goedfrysk.nl
www.euregua.com
www.itnijs.nl

De Ried fan de Fryske Beweging is oanwezen as in ANBI ynstelling. Sjoch foar mear ynformaasje op www.ambi.nl

Kontaktgegevens

Keetwaltje 1
8921 EV
Ljouwert

T: 058-2138913
E: ynfo@fryskebeweging.nl