In tal tips om de skoalle fan jo bern trijetalich te krijen.

In tal tips om de skoalle fan jo bern trijetalich te krijen.

Hawwe jo fragen stjoer in mail nei ynfo@fryskebeweging.nl

Der is op it stuit net in blaudruk foarhannen omtrint it ynfieren fan TTS (trijetalige skoalle – Nederlânsk, Frysk Ingelsk) dy’t samar foar eltse basisskoalle jilde kin. Der binne wol inkele hânfetten dy’tst brûke kinste. Bin kaam ta dizze 9 hânfetten (der sille grif mear wêze) ûnder myn wjerfarring as âld MR lid en TTS skoalle yn wurding. Mei namme it skoalleplan is meastentiids de reade tried fan de basisskoalle.

9 hânfetten: hoe wurdt in basisskoalle trijetalich.

1.    Oertsjûge wêze en ynkoart útlizze kinne fan it feit dat meartalich ûnderwiis goed is foar bern.
2.   Posysje bepale omtrint it taalbelied fan jin oanbelangjende basisskoalle(n) en boppeskoalske bestjoer. (binne der al mear TTS skoallen dy’t falle ûnder it selde boppeskoalske bestjoer)
3.    Yn ferbân mei draachflak om te kommen ta in trijetalige skoalle is goedkar nedich fan de MR fan oanbelangjende basisskoalle. (Meisizzenskipsried, ornaris trije âlders en trije teamleden).
4.    De MR en de âlderried kin it Taalsintrum Frysk (Cedin) freegje om in presintaasje te jaan oan de âlders oer de foardielen fan meartalich ûnderwiis, bygelyks de TTS (= Trijetalige Skoalle).
5.    De MR sil dan beslute moatte oft hja meartaligens (Nederlânsk, Frysk Ingelsk) opnimme wol yn it nije skoalleplan. It rinnende skoalleplan hat faaks in perioade fan fjouwer of fiif jier.
6.    It nije skoalleplan moat ek goedkard wurde troch it boppeskoalske bestjoer dêr’t oanbelangjende basisskoalle ûnder falt.
7.    As it slagge is om meartaligens op te nimmen yn it skoalleplan dan giest ûnder begelieding fan It Taalsintrum Frysk it hiele trajekt troch om úteinlik in sertifisearre TTS skoalle te wurden.
8.    It hiele trajekt (fan it earste kontakt mei de MR ôf) kin wol tsien jier duorje foar dat de skoalle sertifisearre is. Hja moat rekken hâlde mei de âlde kultuer, oanpassingsfermogen fan de organisaasje, de mindset, rinnende projekten en ek it takomstich oannamebelied fan personiel freget omtinken.
9.    Hja kin it bêste begjinne mei basisskoallen wêr fan it besteande skoalleplan trije of fjouwer jier âld is en fernijd wurde moat.

De provinsje soe winliken in TTS kertiermaster yn tsjinst hawwe moatte dy’t wurket mei de PDCA-sirkel (plan-do-check-act) en SMART-doelstellings (spesifyk-mjitber-akseptabel-realistysk-tiidsbûn) en dat foar perioade fan 5 jier yn ferbân mei de perioade fan de skoalleplannen fan de basisskoallen. Faaks goed om in oprop te dwaan oan alle Frysksinnige jonge âlders om in sit te nimmen yn de MR.

Sjoch de brosjure
————————–

 

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious