Keatsen
Keatsen is in spul dêr’t in lytse bal mei de hân of fûst (wol of net beskerme troch bygelyks in want) sa by slein wurde moat dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin.
Al sûnt 1950 hat de Universiteit Leien yn de mande mei de Fryske Akademy yn Ljouwert in learstoel Frysk. De learstoel is lyts, de belangstelling grut. By it kolleezje heart in besite oan Ljouwert. Want dêr hat noch lang net elke studint west.
LJOUWERT – De Ried fan de Fryske Beweging is fan miening dat de wetlike ferankering en de finansjele stipe foar it Frysk foar 2015 op krekt sa’n nivo brocht wurdt as dat fan ferlykbere regio’s yn Europa. Dat skriuwt de Ried oan de politike partijen dy’t meidogge oan de Steateferkiezings yn Fryslân takom jier. Yn it brief wurdt oanstien op in fiergeande autonomy en belestingmiddels foar de eigen taal en kultuer yn Fryslân en it ûnderwiis yn it Frysk.
De Ried fan de Fryske Beweging hat in petysje online stean. De minsken dy’t de petysje ûndertekenje jouwe oan dat se wolle dat Fryslân bestean bliuwt. Fryslân moat beslist net opgean yn in noardlik lânsdiel. In probleem fan de petysje is dat minsken in e-mailadres hawwe moatte. Net alle minsken beskikke oer sa’n adres.
Aan informateur Mr. I. W. Opstelten
p.a. Tweede Kamer der Staten-Generaal
Postbus 20018
2500 EA Den Haag
Onderwerp: Tekortschieten van de Nederlandse overheid ten aanzien van de Friese taal en cultuur en het uitblijven van de decentralisatie van de taken van het Rijk naar de provinciale overheid met betrekking tot de bevoegdheid voor het Fries.
Keatsen is in spul dêr’t in lytse bal mei de hân of fûst (wol of net beskerme troch bygelyks in want) sa by slein wurde moat dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin.
It skûtsjesilen is it hurdsilen mei skûtsjes, spesjaal de wedstriden dy’t útskreaun wurde troch de SKS en de IFKS.
Oeral yn ús lân sjogge jo brede en minder brede fearten en der is gjin bettere manier om dy oer te stekken as mei in lytse polsstôk. De polsstôk hat dan ek, sûnt it begjin fan de tiden, in normaal gebrûksfoarwerp west foar de Nederlanners.
Doutzen Kroes (Eastermar, 23 jannewaris 1985 ) is in ynternasjonaal fotomodel. Se wennet meastentiids yn har appartemint yn New York.
It Frysk Hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier yn ’e tiid werom. Al yn de 13e ieu wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.
In leginde oer Wulfram en Redbad
Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûnfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan eltsenien koe er de mienings en gedachten.
De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt mei de namme www.goedfrysk.nl. In protte Friezen prate altyd Frysk en tinke yn it Frysk. Lês fierder