Fryske sporten

  • Ljipaaien sykje

    Ljipaai sykjen is in typysk Frysk fenomeen. Om heal maart hinne kin it earste aai ferwachte wurde. Elk foarjier geane ûngefear 6500 Friezen de greiden yn om ljipaaien te sykjen. Eins is ‘sykjen’ net de goede beneaming, want Friezen meie de persoan fyftjin aaien it jier, meinimme. Dat aaisykjen is in wiere prestiizjestriid. De Fries dy’t nammentlik it earste ljipaai fynt, kriget de ivige rom. De gelokkige jout it earste aai âlderwenst oan de Kommissaris fan de Keninginne .

    Lês fierder …

  • De Skiednis fan it fierljeppen

    Oeral yn ús lân sjogge jo brede en minder brede fearten en der is gjin bettere manier om dy oer te stekken as mei in lytse polsstôk. De polsstôk  hat dan ek, sûnt it begjin fan de tiden, in normaal gebrûksfoarwerp west foar de Nederlanners.

    Lês fierder …

  • Keatsen

    Keatsen is in spul dêr’t in lytse bal mei de hân of fûst (wol of net beskerme troch bygelyks in want) sa by slein wurde moat dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin.

    Lês fierder …

Mear sport

Fryslân

  • Kening Redbad wegeret it doopsel

    In leginde oer Wulfram en Redbad

    Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûnfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan eltsenien koe er de mienings en gedachten.

    Lês fierder …

  • Gysbert Japicx

    Fryske dichter, skriuwer en taalgelearde, ûnderwizer en foarsjonger, berne yn Boalsert 1603, ferstoarn yn septimber 1666.

    Lês fierder …

  • Ûleboerd

    Tsjintwurdich tinkt men by it wurd “ûleboerd” meastal oan in trijekantich boerd mei swannen en wat fersiersels. Oarspronklik wie it ûleboerd net mear as in trijekantich houten boerd op de nok fan in Fryske skuorre. De swannen en fersiersels binne der letter by kommen.

    Lês fierder …

Mear Fryslân

Frysk op de kompjûter

Der komme mear en mear mooglikheden om Frysk op de kompjûter te brûken. Dizze pagina lit jo ferskillende mooglikheden sjen.

Lês fierder

Goedfrysk.nl

De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt mei de namme www.goedfrysk.nl. In protte Friezen prate altyd Frysk en tinke yn it Frysk. Lês fierder

http://fryskebeweging.nl/wurd-lid/

Eveneminten

  • Sorry, ynkoarten binne der gjin eveneminten

Besjoch alle eveneminten

FlickR

Fryske flaggeFjouwer fryslannenPro Frisia

Fryske siswizen

  • “Ien âlder kin better seis bern ûnderhalde as seis bern ien âlder.”
  • “Alles wat liket is noch net wier”
  • “Bûter brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte fries”  Grutte Pier
  • “Alles kin, behalven in neakene keardel yn ‘e bûse skite”
  • “Garjen en sparjen makket stiennen bargen fet”