Fryske sporten

  • Skûtsjesilen

    It skûtsjesilen is it hurdsilen mei skûtsjes, spesjaal de wedstriden dy’t útskreaun wurde troch de SKS en de IFKS.

    Lês fierder …

  • Ljipaaien sykje

    Ljipaai sykjen is in typysk Frysk fenomeen. Om heal maart hinne kin it earste aai ferwachte wurde. Elk foarjier geane ûngefear 6500 Friezen de greiden yn om ljipaaien te sykjen. Eins is ‘sykjen’ net de goede beneaming, want Friezen meie de persoan fyftjin aaien it jier, meinimme. Dat aaisykjen is in wiere prestiizjestriid. De Fries dy’t nammentlik it earste ljipaai fynt, kriget de ivige rom. De gelokkige jout it earste aai âlderwenst oan de Kommissaris fan de Keninginne .

    Lês fierder …

  • Keatsen

    Keatsen is in spul dêr’t in lytse bal mei de hân of fûst (wol of net beskerme troch bygelyks in want) sa by slein wurde moat dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin.

    Lês fierder …

Mear sport

Fryslân

  • Ûleboerd

    Tsjintwurdich tinkt men by it wurd “ûleboerd” meastal oan in trijekantich boerd mei swannen en wat fersiersels. Oarspronklik wie it ûleboerd net mear as in trijekantich houten boerd op de nok fan in Fryske skuorre. De swannen en fersiersels binne der letter by kommen.

    Lês fierder …

  • Abe Lenstra: Fuotbal-leginde út Fryslân

    Abe Lenstra (slachtmoanne 1920-hjerstmoanne 1985) in fuotbalsjeny, dy’t al tige jong útblonk. Hy wie in yn it each rinnende fuotballer dy’t ta de bêste fuotballers fan Nederlân heart. Mei in ferwielen technyk, in bjusterbaarlik ynsjoch, in flammend skot en net nei te kommen skynbewegings wie er syn tsjinstanners de baas. 

    Lês fierder …

  • Us mem

    Oan de Harnzer Singel yn Ljouwert stiet in grut brûnzen byld fan in ko. It is makke yn 1954 en stelt de ideale Fryske stamboekko foar.

    Lês fierder …

Mear Fryslân

Frysk op de kompjûter

Der komme mear en mear mooglikheden om Frysk op de kompjûter te brûken. Dizze pagina lit jo ferskillende mooglikheden sjen.

Lês fierder

Goedfrysk.nl

De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt mei de namme www.goedfrysk.nl. In protte Friezen prate altyd Frysk en tinke yn it Frysk. Lês fierder

http://fryskebeweging.nl/wurd-lid/

Eveneminten

  • Sorry, ynkoarten binne der gjin eveneminten

Besjoch alle eveneminten

FlickR

Fryske flaggeFjouwer fryslannenPro Frisia

Fryske siswizen

  • “Ien âlder kin better seis bern ûnderhalde as seis bern ien âlder.”
  • “Alles wat liket is noch net wier”
  • “Bûter brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte fries”  Grutte Pier
  • “Alles kin, behalven in neakene keardel yn ‘e bûse skite”
  • “Garjen en sparjen makket stiennen bargen fet”